Paulo Dias de Novais1510 - 9 maaie 1589, Massangano, Angoala) wie in ealjeman oan it Portugeeske hof en ûntdekkingsreizger yn Afrika yn de 16e iuw en teffens de earste kaptein-gûverneur fan Angoala. Hy wie in pakesizzer fan de ûntdekkingsreizger Bartolomeu Diaz.

Thumb
Paulo Dias de Novais

Novais krige fan kening Sebastian I. yn 1571 in skinkingsoarkonde (Carta de Doação), dy't him de titel Governador e Capitão-Mor, conquistador e povoador do Reyno de Sebaste na Conquista da Etiópia ou Guiné Inferior opsmiet. Op 23 oktober 1574 sette er út Lissabon wie ôf nei Afrika en lâne by de Ilhas de Cabras by Lûanda yn it Angoala fan no op 11 febrewaris 1575.[1] Oanlutsen troch it foarútsjoch fan de ferneamde sulverminen fan Kambambe,[2] stifte er in delsetting by São Paulo, tichtby de Ilha do Cabo.

Hy stoar as frijfeint en wie de lêste manlike neisiet fan Bartolomeu Diaz. Hy waard begroeven yn Massangano. Syn stoflik omskot waard yn 1609 nei Luanda oerbroch en dêr byset yn de Jesuïtetesjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.