Paul Gallico, folút: Paul William Gallico (New York, 26 july 1897Monako, 15 july 1976), wie in Amerikaansk sportsjoernalist, kollemnist, redakteur en skriuwer fan romans, novellen, koarte ferhalen en non-fiksjewurken oer sport. Hy is it bekendst wurden troch syn koarte novelle The Snow Goose, syn iennichste literêre súkses dat ek algemien as sadanich erkend waard. Fan syn oare wurken is de roman The Poseidon Adventure it meast ferneamd, sij it benammentlik troch de Hollywood-ferfilmings dêrfan út 1972 en 2005. Ek in protte oare romans fan Gallico binne ferfilme.

Fluch de feiten
Paul Gallico
skriuwer
Thumb
persoanlike bysûnderheden
echte nammePaul William Gallico
nasjonaliteit Amerikaansk
berne26 july 1897
berteplakNew York (New York)
stoarn15 july 1976
stjerplakMonako (Monako)
etnisiteit Dútsk
Italjaansk
wurk
taalIngelsk
sjenrelit. romans & koarte ferhalen,
non-fiksje, fantasy, berneboeken
perioademidden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
The Snow Goose
Lou Gehrig: Pride of the Yankees
Thomasina: The Cat Who
   Thought She Was God

Mrs. 'Arris Goes to Paris
The Silent Miaow
The Poseidon Adventure
jierren aktyf19381976
offisjele webside
www.paulgallico.info
Slute

Libben

Komôf en jonkheid

Gallico wie hikke en tein yn 'e stêd New York, as de soan fan Paolo Gallico, in konsertpianist, komponist en muzyklearaar fan etnysk Italjaansk komôf, dy't yn 1868 berne wie yn Triëst, dat doedestiden noch ta Eastenryk hearde, en de (etnysk Dútske) Eastenrykske Hortense Erlich. Syn âldelju wiene twa jier foar syn berte nei de Feriene Steaten emigrearre, dêr't se har yn New York nei wenjen set hiene.

Sjoernalistyk

Gallico studearre yn 1919 ôf oan 'e Columbia University en wurke dêrnei as sportsjoernalist by de krante New York Daily News. Hy krige bekendheid troch in fraachpetear mei bokser Jack Dempsey, wêryn't er beskreau hoe't it fielde om troch in swiergewichtbokser knock-out slein te wurden nei't er der by Dempsey op oanstien hie om in rûntsje mei him te sparren. Troch in rige soartgelikense ynterviews mei oare sportgrutheden út dy tiid waard Gallico al gau ien fan 'e heechstbetelle sportsjoernalisten fan 'e tweintiger jierren. Hy krige in eigen kollem yn 'e krante en begûn ek as redakteur fan 'e sportôfdieling te wurkjen. Syn biografyske boek Lou Gehrig: Pride of the Yankees, út 1941, oer de ikoanyske honkballer Lou Gehrig, waard yn 1942 al ferfilme as The Pride of the Yankees, mei yn 'e haadrol Gary Cooper.

Karriêre as skriuwer

Yn 1936 joech Gallico syn sjoernalistike karriêre deroan om him folslein op skriuwen ta te lizzen. Hy emigrearre nei Ingelân, dêr't er him nei wenjen sette yn in hûs op in heuveltop yn Salcombe, yn it suden fan Devon. Hy hie daliks al grut súkses mei in ferskaat oan koarte ferhalen dy't er publisearre yn tydskriften lykas The Saturday Evening Post. Yn 1939 kaam fan Gallico The Adventures of Hiram Holliday út, wêryn't in moderne Amerikaanske doalende ridder op in Don Quichot-eftige manear de nazys bestriidt yn it Jeropa fan flak foar de Twadde Wrâldoarloch. Dizze no fierhinne fergetten ferhalebondel is net inkeld nijsgjirrich om 'e ynhâld, mar ek om wat it oer de skriuwer seit. Der sprekt ntl. dúdlik de ynfloed fan Gallico syn monargistyske Eastenrykske mem út, mei't de held út it ferhaal in Eastenrykske prinsesse út it Hûs fan Habsburch rêdt, har leafde wint en in heitefiguer foar har soan wurdt, dy't, sa lit Gallico sterk trochspegelje, de nije keizer fan Eastenryk wurde sil as de nazys ienris ferdreaun binne.

Yn 1941 ferskynde Gallico syn koarte novelle The Snow Goose, in romantyske trageedzje tsjin 'e eftergrûn fan it belis troch de Dútsers fan it ynsletten Britske leger yn Dúntsjerk, yn 1940. Dêrmei sleepte er in nominaasje foar de O. Henry Award foar koarte ferhalen yn 'e wacht. Yn 'e fyftiger jierren hold Gallico in hoart yn Lychtenstein ta, dêr't er Ludmila skreau, wat in werfertelling fan in pleatslik folksferhaal is. Syn licht komyske roman Mrs. 'Arris Goes to Paris, út 1958, waard in bestseller, en dêrnei soene noch trije oare boeken folgje oer de sympatike Mrs. 'Arris, in wurkster út 'e Ingelske arbeidersklasse. Yn 1992 waard it boek ferfilme as in tillefyzjefilm, mei yn 'e haadrol Angela Lansbury. The Silent Miaow, út 1964, is sabeare in hânlieding skreaun troch in húskat, "oerset út it katsk", oer hoe't men oan in minsklik gesin komt en dêr dan de baas oer spylje kin. Dat boek waard in favoryt ûnder katteleafhawwers yn 'e hiele Angelsaksyske wrâld. Oare boeken fan Gallico oer katten wiene Jennie, út 1950 (yn 'e Feriene Steaten útjûn ûnder de titel The Abandoned), en Thomasina: The Cat Who Thought She Was God, út 1957, dat yn 1964 troch Walt Disney ferfilme waard as The Three Lives of Thomasina.

Gallico syn boek The Poseidon Adventure, út 1969, oer in groepke opfarrenden dat besiket te ûntkommen út in omslein passazjiersskip, flopte en loek doedestiden frijwol gjin belangstelling. Pas nei it útkommen fan 'e Hollywood-film The Poseidon Adventure, yn 1972, dy't in ûnbidich súkses wie, ûntstie der mear ynteresse foar it boek dêr't de film op basearre wie. Yn 2005 kaam der in remake út fan The Poseidon Adventure. Paul Gallico stoar yn 1976 yn Monako.

Wurk

  • Farewell to Sport (1938; sport)
  • Adventures of Hiram Holliday (1939; bûten de Feriene Steaten publisearre as The Adventures of Hiram Holliday; licht komyske aventoereferhalen)
  • Who Killed My Buddy (1939)
  • The Secret Front (1940)
  • The Snow Goose (1941; romantyske trageedzje)
  • Golf Is a Friendly Game (1942; sport)
  • Lou Gehrig: Pride of the Yankees (1942; sport)
  • Selected Stories of Paul Gallico (1944)
  • The Lonely (1947; drama)
  • Confessions of a Story Writer (1948)
  • The Abandoned (1950; bûten de Feriene Steaten publisearre as Jennie; lichte fantasy)
  • The Small Miracle (1951; licht drama)
  • Trial by Terror (1952)
  • Snowflake (1952; allegory)
  • The Foolish Immortals (1953; aventoereroman)
  • Love of Seven Dolls (1954; romantysk drama)
  • Ludmila (1955)
  • Thomasina: The Cat Who Thought She Was God (1957; romantysk drama)
  • Mrs. 'Arris Goes to Paris (1958: bûten de Feriene Steaten publisearre as Flowers for Mrs. Harris; licht komyske roman)
  • The Steadfast Man (1958)
  • Too Many Ghosts (1959)
  • The Hurricane Story (1960; non-fiksje)
  • Mrs. 'Arris Goes to New York (1960; bûten de Feriene Steaten publisearre as Mrs. Harris goes to New York; licht komyske roman)
  • Further Confessions of a Story Writer (1961; bûten de Feriene Steaten publisearre as Confessions of a Story Teller)
  • Scruffy (1962; licht komyske roman)
  • Coronation (1962; licht drama)
  • Love, Let Me Not Hunger (1963; lichte trageedzje)
  • The Day the Guinea-Pig Talked (1963; berneboek)
  • Three Legends (1964; bûten de Feriene Steaten publisearre as Three Stories)
  • The Hand of Mary Constable (1964)
  • The Silent Miaow (1964; lichte fantasy)
  • The Day Jean-Pierre was Pignapped (1964; berneboek)
  • Mrs. 'Arris Goes to Parliament (1965; bûten de Feriene Steaten publisearre as Mrs. Harris, M.P.; licht komyske roman)
  • The Day Jean-Pierre Went Round the World (1965; berneboek)
  • The Golden People (1965; sport)
  • The Man Who Was Magic (1966; licht komyske roman)
  • The Story of Silent Night (1967)
  • The Revealing Eye (1967)
  • Gallico Magic (1967)
  • Manxmouse (1968; licht komyske roman
  • The Poseidon Adventure (1969; ramperoman)
  • The Day Jean-Pierre Joined the Circus (1969; berneboek)
  • Matilda (1970; licht komyske roman)
  • The Zoo Gang (1971; licht komyske roman)
  • Honorable Cat (1972; bûten de Feriene Steaten publisearre as Honourable Cat; ferhalebondel)
  • The Boy Who Invented the Bubble Gun (1974; licht komyske roman)
  • Mrs. 'Arris goes to Moscow (1974; bûten de Feriene Steaten publisearre as Mrs. Harris Goes to Moscow; licht komyske roman)
  • Miracle in the Wilderness (1975)
  • Beyond the Poseidon Adventure (1978)
  • The House that Wouldn't Go Away (1979; licht komyske roman)
  • The Best of Paul Gallico (1988)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.