Papiamintsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
Papiamintsk (Kurasau: Papiamentu; Arûba: Papiamento; Bonêre: Papiamen) is in taal dy't sprutsen wurdt op de Underwynske Eilannen Kurasau, Bonêre) en Arûba. De namme Papiamintsk is ôflaat fan de Portugeeske termen foar brabbelje (papia en papear). It Papiamintsk hat in offisjele status gelyk oan it Nederlânsk op alle trije eilannen.
Fluch de feiten
Papiamintsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Papiamentu | |
lânseigen yn | Arûba, Bonêre (Nederlân), Kurasau | |
tal sprekkers | 250.000-330.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Kreoalsk
| |
dialekten | *Papiamento (Arûba) | |
taalstatus | ||
offisjele status | Antillen | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | - | |
ISO 639-2 | pap | |
ISO 639-3 | pap |
Slute
Op 29 jannewaris 2024 krige it Papiamintsk op Bonêre (dat de status fan in Nederlânske gemeente hat) offisjele erkenning fan 'e Nederlânske steat ûnder Diel III fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen.[1]