From Wikipedia, the free encyclopedia
Pajala is it grutste plak en it bestjoerssintrum fan de Sweedske gemeente Pajala. Pajala is ferneamd nei syn stichter, in soarte fan hannelsfertsjintwurdiger/douanier, Lasse Pajanen, út de lette 16e iuw. Ut Pajala wei waarden in tal doarpen yn de omkriten stichte.
Palaja | ||
De gemeente Palja mei it plak Palaja | ||
Polityk | ||
Lân | Sweden | |
Lânskip | Norrbotten | |
Gemeente | Pajala | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.958 (2010) | |
Oerflak | 3,78 km² | |
Befolkingsticht. | 518 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan Pajala |
Pajala leit oan de rivier de Torne, 7 km foar de gearrin mei de Muonio yn it easten; de grins mei Finlân.
Yn de 20e iuw is it doarp bombardearre troch de eardere Sovjet-Uny yn de striid mei de Finnen (1940) yn de Winteroarloch. Nei de oarloch hat de Sovjet-Uny de skea fergoede.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pajala fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.