From Wikipedia, the free encyclopedia
De Partido Socialista Obrero Español (PSOE, Spaanske Sosjalistyske Arbeiderspartij) is in Spaanske politike partij, dy't yn 1879 oprjochte is troch Pablo Iglesias Possé, berne yn Ferrol. De PSOE foarmet sûnt 1 juny 2018 it minderheidsregear fan Spanje mei Pedro Sánchez as premier. Twa kear earder regearre de partij it lân: fan 1982 oant 1996 ûnder Felipe González en fan 2004 oant 2011, ûnder José Luis Zapatero. De PSOE makket diel út fan de Jeropeeske PES en de Sosjalistyske Ynternasjonale.
Partido Socialista Obrero Español | |
---|---|
Partijlieder | Pedro Sánchez |
Partijfoarsitter | Cristina Narbona |
Oprjochting | 1879 |
Haadsit | Madrid |
Ledetal | 187.360 (2017) |
Jongereinorganisaasje | Juventudes Socialistas de España |
Rjochting | Sintrumlinks |
Ideology | Sosjaaldemokrasy |
Wittenskiplik buro | |
Europeeske fraksje | Progressive Alliânsje fan Sosjalisten en Demokraten |
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan | Progressive Alliânsje, Sosjalistyske Ynternasjonale |
Webside | www.psoe.es |
De PSOE waard oprjochte om de belangen fan de arbeidersklasse yn de Yndustriële revolúsje te behartigjen, mei as doel it sosjalisme polityk nei te stribjen. By it opstellen fan it begjinselprogramma waard it marksisme as ynspiraasjeboarne brûkt. Yn 1979 waarden de marksistyske prinsipen ferwurpen troch Felipe González. Dat slagge net samar, want der wie wjerstân fan partijleden. Tsjintwurdich falle de partijprinsipen ûnder it sosjaaldemokratysk gedachtegoed.
De PSOE waard oprjochte yn 1879. Yn de Spaanske Boargeroarloch spile de partij in wichtige rol oan de kant fan de republikeinen. Nei de boargeroarloch kaam generaal Francisco Franco oan de macht. Hy ynstallearre in faksistyske diktatuer en fierde in tige konservatyf bewâld. Alle oare politike partijen útsein syn eigen falangisten waarden ferbean. Under Franco's diktatuer (1939-1975) waarden in protte lieders en militanten fan de PSOE finzen set, ferband nei oare lannen of sels fermoarde. Oaren moasten ûnderdûke of it lân útflechtsje. De PSOE bleaun wol bestean ûnder Franco's rezjym, benammen yn Frankryk, wêr't ek partijkongressen holden waarden.
Yn de jierren sechstich gie it goed mei de Spaanske ekonomy; Franco befoardere ûnder oare it toerisme út West-Jeropa, dat troch de tanimmende wolfeart yn dy gebieten massale proporsjes oannaam. Ek waard it lân lid fan de Feriene Naasjes en krige it de stipe fan de Feriene Steaten, dy't yn Franco in bûnsmaat tsjin it kommunisme seagen. De minsken wienen mear tefreden mei it lân, mar yn de jierren santich groeide it ferset tsjin Franco op 'e nij.
Yn 1974 foarmen de leden fan de PSOE harren op 'e nij ûnder de skûlnamme 'Isidoro'. De partij wie doe noch yllegaal. Franco stoar yn 1975. Hy hie regele dat nei syn dea Juan Carlos de opfolger waard. Juan Carlos makke fan Spanje in demokrasy. De nije lieder fan de PSOE, Felipe González, besocht fan de partij, dy't doe in kommunistysk stimpel droech, in sosjaaldemokratyske partij te meitsjen, sa't dy ek bestienen yn de rest fan Jeropa, mar dat slagge noch net.
Yn 1977 wienen de earste demokratyske ferkiezingen yn Spanje sûnt it wer in monargy wie. De PSOE ferlear de ferkiezingen mei 29,2% tsjin 34,4% fan de UCD, in konservative partij. Dêrmei gie de PSOE de opposysje yn. De partij krige yn totaal 118 fan de 350 sitten yn it parlemint, de Cortes Generales. Dat waarden noch wat mear doe't de Sosjalistyske Folkspartij (Partido Socialista Popular), in kommunistyske partij, derby kaam. By in partijkongres yn maaie 1979 woe de PSOE syn kommunistyske karakter net beëinigje en dêrom die González ôfstân fan it liederskip. Yn septimber 1979 by it dêropfolgjende partijkongres waard González dochs wer herkeazen. De partij feroare doe dochs yn in sosjaaldemokratyske partij.
By de ferkiezings fan 1979 bleaun de PSOE de grutste opposysjepartij. De grutste waard op 'e nij de UCD. De PSOE krige 30,54% fan de stimmen en de UCD 35,08%. Yn dy tiid feroare de PSOE ek har symboal. It waard in hân dy't in roas fêsthâldt.
Yn 1982 waard de PSOE de grutste partij. It fersloech de Folksalliânsje (in konservative partij, oprjochte troch âld-bestjoersleden fan de diktatuer fan Franco) mei 48,34% tsjin 26,46%. De UCD die it minder goed en waard de tredde partij. González waard de nije minister-presidint fan Spanje. Hy fierde direkt lânherfoarmingen troch en nasjonalisearre grutte bedriuwen. Ek abortus waard diels legaal. González sei nei de ferkiezings fan 1986 ta dat der 800.000 banen bykomme soenen yn de stielyndustry, troch dy te herfoarmjen. Yn 1986 wienen der op 'e nij ferkiezings en González behelle in nije oerwinning: syn partij krige 44,07%, de Folkskoälysje (opfolger fan de Folksalliânsje) krige 26,20%. Yn González' twadde termyn waard Spanje lid fan de Jeropeeske Uny, yn 1986. González woe yn datselde jier dat Spanje lid waard fan de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO), wat Franco ek al besocht hie. De diktator waard tsjinholden troch Europa om syn ûndemokratyske bewâld. De Spanjaarden woenen yn 1986 lykwols noch gjin lid wurde fan de NAFO, ûnder oare om't de partij earder tsjin wie. It gefolch wie dat fan González sein waard dat er nei rjochts opskode.
By de ferkiezings fan 1989 krige de partij mar 39,6% fan de stimmen, mar it bleaun wol de grutste. Dizze termyn waard kenmerke troch de earste Golfoarloch. González stipe de Feriene Steaten en fan 1991 ôf rekke de PSOE hieltyd mear stimmen kwyt. By de ferkiezingen fan 1993 rekke de PSOE syn posysje as grutste partij kwyt oan de konservative Folkspartij (Partido Popular, PP), dy't de opfolger wie fan de Folkskoälysje. Dêrom moast de PSOE gearwurkje mei lytsere partijen om dochs in mearderheidsregear foarmje te kinnen. De partij wurke doe gear mei partijen út Baskelân en Kataloanje. Oan de ein fan 1995 wie der in debat oft González de kommende ferkiezingen wol yngean moast foar de PSOE. Der wienen in protte skandalen. De ekonomy rûn min; in protte minsken wienen wurkleas wurden troch de herfoarmingen yn de yndustry, de PSOE hie in soad te krijen mei korrupsje en steatsterrorisme, mar hiel wichtich yn dy ferkiezings wie dat oan it ljocht kaam wie dat it PSOE-regear belutsen wie by de Spaanske Smoarge Oarloch. Dy oarloch duorre fan 1983 oant 1987. It gie om de Antyterroristyske Frijheidsgroepen (GAL, nei Grupos Antiterroristas de Liberación). Dy wie geheim en yllegaal opset troch it regear fan de PSOE en dus wist González dêrfan. De GAL moast minsken fan de ETA opspoare, martelje en fermoardzje. Yn totaal binne der 27 minsken fermoarde, fan wa't de measten neat te krijen hienen mei de ETA. De Spaanske krante El Mundo hat de affêre oan it ljocht brocht.
De PSOE (36,63%) ferlear de ferkiezings fan 1996 fan de Folkspartij (38,79%). Dêrom gie de PSOE de opposysje yn en hold Gonzáles op as partijlieder.
José María Aznar fan de PP soarge foar in goede ekonomy en ûnder syn tiid daalde ek de wurkleazens fan 20% ta 10%. Ek hat syn regear syn bêst dien om te soargjen dat Spanje de euro ynfiere koe en dat slagge, want yn 1999 waard ek yn Spanje de euro yntrodusearre. Wichtich dêrfoar wie dat de ynflaasje ûnder kontrôle wêze moast. Troch it súkses behelle de PP by de ferkiezings fan 2000 in grutte oerwinning op de PSOE: 44,5% tsjinoer 34,2%. De PSOE waard by dy ferkiezings laat troch Joaquín Almunia. Dy hold direkt nei de minne útslach foar de PSOE op en waard letter dat jier opfolge troch José Luis Rodríguez Zapatero.
Yn de twadde termyn fan Aznar bleaun de ekonomy goed rinnen. Mei in groei fan 2,3% wie it de op ien nij rapst groeiende ekonomy. Mar der wie ek in hegere ynflaasje as yn de rest fan de JU: 2,7% tsjin 1,7%. Yn 2003 foelen de FS ûnder lieding fan George Bush Irak binnen. Aznar besleat om mei it Feriene Keninkryk en Itaalje mei te fjochtsjen yn Irak. Dat wie gjin populêr beslút, want 92% fan de Spanjaarden stipe it beslút net. Trije dagen foar de ferkiezings fan 2004 foelen der 191 deaden by oanslaggen yn in trein yn Madrid. De befolking seach dat as in gefolch fan de Spaanske gearwurking mei de FS yn Irak.
Listlûker Zapatero fan de PSOE sei ta dat er alle Spaanske soldaten weromlûke soe út Irak, as syn partij de ferkiezings wûn. Dat barde, mei 43,3% tsjin 38,3% foar de PP, dy't laat waard troch Mariano Rajoy, nei't Aznar oanjûn hie net foar in tredde termyn te gean. Zapatero waard de nije premier en stelde in kabinet kear fan manlju en froulju, wêrby't er in frou oanstelde as fise-premier, María Teresa Fernández de la Vega. It wie de earste kear yn de skiednis fan it demokratyske Spanje dat dat barde.
Zapatero fierde in progressyf belied. Hy legalisearre it homohoulik yn july 2005. Ek fierde er in nij skoalsysteem yn dat in soad wjerstân krige fan de PP, de katolike tsjerke en de moslimmienskip. Ek âlderrieden en leararen wienen tsjin. Guon fan de redenen wienen dat âlders minder frijheid hienen yn it kiezen fan in skoalle foar harren bern en it ferminderjen fan de status fan religieus ûnderwiis. Nei demonstraasjes kamen der oanpassings, wêrnei't de âlders en leararen mei it systeem libje koenen. De PP bleaun tsjin.Fierder liet Zapatero alles fuorthelje dat noch oan Franco tinken die. It lêste Franco-stânbyld waard yn maart 2005 fuorthelle.
Yn tsjinstelling ta syn foargonger Aznar, dy't in goede relaasje mei de FS ha woe, socht Zapatero benammen bannen mei Súd-Amerikaanske lannen. Ek yn de Jeropeeske polityk wie der in grut ferskil. Aznar socht bannen mei it Feriene Keninkryk, Itaalje en Poalen om in machtsblok te foarmjen tsjin Dútslân en Frankryk. Zapatero fûn it net slim as dy lannen it middelpunt fan de JU foarmje soenen. Hy liet Spanje ek as earste lân stimme oer in grûnwet foar folslein Jeropa. De relaasje fan Spanje mei de FS waard miner, troch't Zapatero de Spaanske soldaten út Irak wei helle en troch't er Spaanske militêre strategy oan Fenezuëla ferkeapje woe.
Zapatero syn regear hold it twa terminen fol. Yn de twadde termyn rûn de populariteit fan de PSOE al werom, benammen fanwege harren omgong mei de minne ekonomyske tastannen nei de wrâldwide finansjele krisis fan 2008. Yn novimber 2011 ferlear de PSOE by de Spaanske Parlemintsferkiezings fan de Folkspartij fan Mariano Rajoy. Alfredo Pérez Rubalcaba wie doe de listlûker fan de PSOE, nei it ôfskied fan Zapatero. By de Jeropeeske Parlemintsferkiezings fan 2014 behelle de PSOE wer in min resultaat, wêrnei't Rubalcaba ophold as partijlieder. Nei ynterne ferkiezings keazen de leden foar Pedro Sánchez as nije lieder fan de PSOE. Under Sánchez ferlear de partij by de parlemintsferkiezings fan 2015 op 'e nij goed. In grut diel fan it elektoraat fan de PSOE stapte oer nei de nije partij Podemos.[1] Om't de PP ek net de absolute mearderheid hie, moasten de partijen sjen nei koälysje. Dêr kamen se net út en dus kamen der yn 2016 op 'e nij ferkiezings. Foar de tredde kear op rige ferlear de PSOE. Dat late ta in partijkrisis en ûnder druk fan partijbobo's stapte Sánchez op.
Hy stelde him by ynterne ferkiezings wol op 'e nij kandidaat foar it partijliederskip. Op 21 maaie 2017 keazen de partijleden mei 50,2% foar Sánchez. Hy wûn fan Susana Díaz en Patxi López. Yn syn twadde perioade as PSOE-lieder tsjinne er yn maaie 2018 in moasje fan wantrouwen yn tsjin premier Rajoy. Dat hie te krijen mei de saak-Gürtel, in korrupsjesaak binnen de Folkspartij. Sánchez krige by syn moasje de stipe fan Podemos en ferskate lytse regionalistyske partijen, genôch foar in mearderheid en Rajoy fuort te stimmen. Op dyselde dei - 1 juny 2018 - tekene kening Filips II de beneaming fan Pedro Sánchez as sânde premier fan Spanje. In dei letter waard Sánchez beëdige, wêrby't er de tolfde legislatuer oernaam fan Rajoy. Yn de wike dêrnei beneamde er syn ministers.
De PSOE is yn ferskate autonome mienksippen de grutste partij. Dizze autonome mienskippen hawwe in PSOE-presidint (er zijn in totaal 19 autonome gemeenschappen):
De oare regio's hawwe meastal de PP as grutste partij. Dat binne ûnder oare Madrid, Galysje en Kastylje en Leön. De PSOE hat in ferbûn mei de Partit dels Socialistes de Catalunya (PSC, Partij fan de Sosjalisten fan Kataloanje). Dat is in sosjalistyske partij dy't allinnich yn Kataloanje aktyf is.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.