De PC fan 2008 waard op woansdei 30 july ferkeatst. It wie de 155ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.
Oer it lotsjen wiene de measte minsken wol tefreden. De haadklasse partoeren wiene aardich oer de list ferdield, allinne de wedstriid tusken partoer 5 en 6 (de finale fan it foargeande jier) wie wol wat spitich. Dit waard ek in tige spannende partij. Lang om let kaam alles oan de hang en doe wie it Klaas Berkepas dy't it perk miste, wat ek wol spitich wie om't hy foar it lêst oan de PC meidie.
Ek yn de wedstriid fan it jeugdige partoer fan Jelte Pieter Dijkstra kaam alles oan de hang mar hjir wie it it partoer fan Abma dy't trochgie.
Yn de heale finale's wiene it twa ûnferwachtse winners. Earst wiene it Jochum Bouma dy't wûnen fan it partoer fan Johan van der Meulen dy't allegear net yn harren bêste dwaan wiene.
De twadde ferrassing wie de útskeakeling fan it de bruorren Wassenaar. Dy wiene de earste twa listen frij maklik trochkaam mar tsjin it partoer fan Gert-Anne van der Bos wie it foaral troch it bêst opslachwurk fan Gert-Anne van der Bos eins wol gau dúdlik dat it partoer fan Rutmer van der Meer de finale net helje soe.
De finale waard begûn om in oere as seis. Om't de perken dit jier oan de stêdkant leine, oars lizze se meast oan de bolwurkkant, hie it perk mei de finale bot lêst fan de sinne dy't krekt oer de beammen fan it bolwurk skynde. It wie sels sa slim dat Douwe Groenendijk in hege bal fan Gert-Anne van der Bos hielendal kwyt wie sadat de bal krekt foar syn fuotten delkaam sûnder dat hy wat dwaan koe.
Dochs wie it it perk fan Douwe Groenendijk en Auke van der Graaf dy't hjir it bêste mei om giene. Foaral Folkert van der Wei dy't de hiele dei hiel goed stie te keatsen wie in de finale folle minder. Ek om't Gert-Anne van der Bos yn de finale neist in tal sitballen in protte opslachmissers hie wie it partoer fan Jochum Bouma de logyske winner. Douwe Groenendijk, dy't op wichtige mominten de foarbêst oernaam en dêr ek suksesfol mei wie waard keazen ta kening.