From Wikipedia, the free encyclopedia
Ousterhaule is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan De Jouwer. It doarp hat 350 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Ousterhaule | ||
Tsjerke fan Ousterhaule | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 350 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A6 | |
Postkoade | 8513 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 56' NB, 5° 48' | |
Komboerd | ||
Himrik fan Ousterhaule (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Kaart | ||
De naam ferwiist nei ouwer en hichte ("haule"). It plak hiet foar de oarloch “Oosterhaule”.
Ut it oarspronklike âlde dorp (Alde Ouwer) is it nije stifte, Ouwster-Nijega, en is ek de haule (hichte) fan de Ouwer bewenber makke: Ousterhaule. It foarmet mei Aldeouwer en Ouster-Nijegea it Ouster Trijegea, feitlik in trijelingdoarp. It blykt bygelyks út in mienskiplike basisskoalle "Trijegeaster Honk". Yn 1741 waard hjir troch de ynset fan de aadlike laach Vegelin de Trijegeasterpolder oanlein. De nijbouwyk hjit Wolsmastate.
It doarp hat mei Ouwster-Nijega en Oldeouwer ien feriening foar Pleatslik Belang en ien doarpshûs, De Hichte. Omdat de feriening yn 2010 hûndert jier bestie, en de skoalle 175 jier, waard in jubileumboek útjûn.
1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|
197 | 209 | 204 | 195 | 227 | ±300 | 355 |
It doarp hat in oarspronklik midsiuwsk tsjerkje, dat yn de 20e iuw ommitsele waard. De grutte houten geveltoer fan de Tsjerke fan Ousterhaule is beklaaid mei lead.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.