Osterholz (Landkreis)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Landkreis Osterholz (Nederdútsk: Landkreis Oosterholt) is in lânkring yn it noardlike diel fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. De lânkring leit yn de Metropoalregio Noardwest en de haadstêd is Osterholz-Scharmbeck.
Landkreis Osterholz | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Osterholz-Scharmbeck |
tal gemeenten | 11 |
kenteken | OHZ |
Kreisschlüssel | 03 3 56 |
sifers | |
ynwennertal | 114.640 (2020) |
oerflak | 650,81 km² |
befolkingstichtens | 176 / km² |
oar | |
stifting | 1885 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 53°15′ N 8°50′ E |
webside | side lânkring Osterholz |
It súdlike diel fan de lânkring makket diel út fan it grutstedske gebiet fan de frije hânzestêd Bremen. Yn it noarden leit it Teufelsmoor, ien fan de grutste feangebieten fan Dútslân. Grutte sompige gebieten lizze oan beide kanten fan de rivier de Hamme, dy't fan noard nei súd troch de lankring streamt en yn de Wümme mûnet. De Wümme foarmet de natuerlike grins yn it suden en is in sydrivier fan de Weser, dy't de westlike grins fan Osterholz foarmet.
Westlik fan de lânkring leit de lânkring Wesermarsch, yn it noarden de lânkring Cuxhaven, yn it easten de lânkring Rotenburg (Wümme) en yn it suden de lânkring Verden en de stêd Bremen.