From Wikipedia, the free encyclopedia
Oepke Haitzes Bonnema (Kimswert, 28 maaie 1825 – New Amsterdam, La Crosse County, Wiskonsin, 20 maart 1895) wie in nôtkeapman út Kimswert en pionier/emigrant.[1][2] Hy emigrearre mei sa'n 90 minsken út hiel Fryslân wei nei de Feriene Steaten út reden fan ekonomyske krapte. De skiednis fan de reis is optekene troch Broer Baukes Haagsma. Haagsma wie earder skoalmaster te Arum, dêrnei waard er Bonnema syn boekhâlder.
Oepke Haitzes Bonnema | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Oepke Haitzes Bonnema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk Amerikaansk | |
berne | 28 maaie 1825 | |
berteplak | Kimswert | |
stoarn | 20 maart 1895 | |
stjerplak | New Amsterdam | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Keapman | |
reden bekendheid | Ferhaal fan syn emigraasje is optekene |
De begoedige Bonnema hie yn Amearika in lape lân kocht (800 acres) mei it doel om dizze emigranten in bettere takomst te besoargjen. Hja krigen in stik lân om te bouwen of fee op te hâlden. Fan de opbringst koene hja Bonnema letter ôfbetelje.
Op 26 febrewaris 1853 sette it selskip fanút Harns ôf nei Norwich, Ingelân mei it skip The City of Norwich. Oer it spoar gie it fierder nei Liverpool, dêr't sy oan board giene fan in nije bark mei de namme William and Mary (518 ton 140 foet lang, boud yn Bath, Maine; it wie har earste reis), dy't heal laden wie mei spoarrails, drûge guod en diggelguod. It skip sette ôf nei New Orleans, mei 81 man, de oaren bleaune yn Liverpool.
Ornaris duorre in reis nei New York yn dy tiid sa'n 15 dagen, foar New Orleans kaam der noch in goed wike by. Mar de William and Mary wie tsjin dy tiid noch mar healweis troch min waar. Dat betsjutte kommer en lijen foar de yn it rom fan it skip opsletten emigranten. It skip bedarre yn stoarmwaar op in klif by de Bahama-eilannen. Kaptein Timothy Stinson ferliet allinne yn de iennichst oerbleaune rêdingsboat it skip. (Hy ferklearre dat alle 130 opfarrende omkaam wienen, mar rillegau kaam de wierheid út en is Stinson mei de frou nei Denver flechte.) Wilens slagge it de yn de steek litten emigranten mei help fan in Mr. John Brown, in marinetechnikus mei pensjoen, om de William and Mary noch twa dagen driuwend te hâlden.
Help kaam fan de lânseigen befolking fan eilannen yn de omkriten dy't harren mei flotten nei de wâl brochten en fan de skoener Oracle, en kaptein Robert Sands fan de Elbow Key en de bemanning fan sloep The Contest. Alles wat hja hienen, en dat wie al net folle, wienen hja kwyt. In pear wike letter berikten de skipbreklingen Nassau; dêrwei gie it mei help fan de befolking nei New Orleans, Louisiana, dêr't sy 9 juny 1853 oankamen.
Op 1 july 1853 kamen hja oer de Mississippy oan yn de krite Blackriver, La Crosse County, Wiskonsin. Sy pakten troch en 5 novimber 1853 wiene der al fiif mânske huzen. Sy neamden it plakje Frisia. Letter waard dat New Amsterdam, no in part fan it plak Holland.
It “Lân fan dream en winsken” brocht gjin wolfeart en lok foar Oepke Bonnema. Hy troude mei Ytje Tienstra om 1857 hinne. It houlik bleau sûnder bern en hja gienen út elkoar. Letter boaske er oan Luisa Spangler in dûmnyssdochter út Switserlân dat ek sûnder bern bleau. Saaklik siet it Bonnema ek net mei; hy wie mei-eigner fan in stoomboat dy't de Mississippy befarde en hat dêr in soad jild mei ferlern. Fierders hie er in houtseachmûne yn New Amsterdam en in houtwinkel yn Saint Luise en syn weethannel yn Chicago die ek net folle fertuten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.