De oaljefantsfûgeleftigen (Latynske namme: Aepyornithiformes) foarmen in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groepen fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae) en de nije rinfûgels (Novaeratitae). Dit útstoarne skift telde ien inkele famylje, dy fan 'e oaljefantsfûgels (Aepyornithidae). De oaljefantsfûgeleftigen wiene lânseigen op it grutte eilân Madagaskar, dat foar de Eastafrikaanske kust yn 'e Yndyske Oseaan leit. It wiene flechtleaze rinfûgels fan in ûnbidige grutte (mear as 3 m heech), dy't it naust besibbe wiene oan 'e folle lytsere kiwy-eftigen (Apterygiformes) fan Nij-Seelân.

Fluch de feiten
Oaljefantsfûgeleftigen
Thumb
In foarstelling fan in Aepyornis maximus.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:âldkakigen (Palaeognathae)
sûnder rang:echte âldkakigen
   (Notopalaeognathae)
sûnder rang:nije rinfûgels (Novaeratitae)
skift:oaljefantsfûgeleftigen
   (Aepyornithiformes)
Newton, 1884
Slute

Skiftopbou

  • skift oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes) †
    • famylje oaljefantsfûgels (Aepyornithidae) †
      • skaai Aepyornis
        • Aepyornis gracilis
        • Aepyornis hildebrandti
        • Aepyornis maximus
        • Aepyornis medius
      • skaai Mullerornis
        • Mullerornis betsilei
        • Mullerornis agilis
        • Mullerornis rudis

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.