Noardwestsemityske talen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Noardwestsemityske talen binne in taalgroep dy't ta de Semityske talen heart. Dêrbinnen foarmje dizze talen yn 'e mande mei de Arabyske talen de Middensemityske talen, dy't yndield wurde by de Westsemityske talen. De Noardwestsemityske talen falle útinoar yn twa subgroepen, de Arameeske talen en de Kanaänityske talen, mei dêropta ferskate talen dy't binnen de groep isolearre binne, lykas it Amoritysk. De bekendste Noardwestsemityske talen binne it Hebriuwsk, Fenisysk, Arameesk en Syrysk. Alle útstoarne talen meirekkene binne der likernôch 42 Noardwestsemityske talen, dy't hjoed de dei mei-inoar sa'n 61/2 miljoen sprekkers hawwe.
Fluch de feiten
Noardwestsemityske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | westlike helte fan 'e Fruchtbere Healmoanne | |
tal talen | ±42 (ynkl. deade talen) | |
tal sprekkers | ±6,5 miljoen (2018) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Afro-Aziatysk ● Semitysk ● Westsemitysk ● Middensemitysk ● Noardwestsemitysk | |
subgroepen | ● Amoritysk † ● Arameeske talen ● ?Eteo-Syprioatysk † ● Kanaänityske talen ● Samalysk † ● Temanitysk † |
Slute