Utert-Noardwest is in wyk yn it noardmid fan de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert. De wyk hat 44.579 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2019) en is neffens ynwenners nei de wyk Vleuten-De Meern de grutste wyk fan de stêd. In part fan de wyk hearde foar 1954 ta de doe ophefte gemeente Zuilen.

Fluch de feiten
Noardwest
Noordwest
Thumb
Lokaasje fan de wyk Noardwest yn Utert
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert
Sifers
Ynwennertal43.205 (2017)[1]
Oerflak453 ha
Oar
Postkoade3561, 3562, 3563, 3564
Koördinaten52° 6' 31" NB, 5° 5' 40" EL
Offisjele webside
http://www.utrecht.nl/noordwest
Slute
Thumb
Amsterdamsestraatweg yn Noardwest

De wichtichste strjitte troch de wyk hinne is de Amsterdamsestraatweg (Amsterdamske Strjitwei), dy't yn 1812 troch Napoleon oanlein waard as part fan de strjitwei fan Amsterdam nei Utert.

De wyk wurdt begrinzge yn it noarden oan de gemeente Stichtske Fecht, yn it easten troch de rivier de Fecht oan de wyk Overvecht, yn it suden troch de Stedsbûtengrêft mei de Binnenstêd, en yn it westen troch it Amsterdam-Rynkanaal mei de wyk West.

Wykyndieling

De wyk is ûnderferparte yn de folgjende ûnderwiken en buerten:

  • Zuilen
    • Julianapark en omkriten
    • Elinkwijk en omkriten
    • Prins Bernhardplein en omkriten
    • Geuzenwijk of Betonbuurt
    • De Driehoek
    • Schaakbuurt en omkriten
    • Queeckhovenplein en omkriten
  • Ondiep
    • Ondiep
    • 2e Daalsebuurt en omkriten
    • Egelantierstraat, Mariëndaalstraat en omkriten
    • Loevenhoutsedijk en omkriten
  • Pijlsweerd
    • 1e Daalsebuurt
    • Pijlsweerd-Súd
    • Pijlsweerd-Noard

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.