From Wikipedia, the free encyclopedia
Niederbachheim is in plak yn de Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak makket as ortsgemeinde ûnderdiel út fan de ferbânsgemeente Nastätten, wêrfan't it riedshûs yn Nastätten stiet.
Niederbachheim | ||
Niederbachheim | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Lahn-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 273 (31.12.2021) | |
Oerflak | 11,45 km² | |
Befolkingsticht. | 93 ynw./km² | |
Hichte | 270 m. | |
Oar | ||
Koördinaten | 50° 14' N 7° 45' E | |
Lokaasje Niederbachheim (read) yn de ferbânsgemeente Nastätten (roze) yn de lânkring Ahrweiler (griis) |
Bachheim waard foar it earst neamd yn 1145. De útgong "heim" tsjut lykwols op in âldere stifting. Yn 1361 waard foar it earst ûnderskied makke tusken Niederbachheim en it oanbuorjende Oberbachheim.[1]
De tsjerke fan Niederbachheim stiet oan de súdlike râne fan it doarp. Sûnt de 14e iuw waard Niederbachheim in selsstannige parochy, foar dy tiid foar it plak ûnder de parochy Marienfels. Fanwegen romaanske boudielen is de tsjerke nei alle gedachten folle âlder. Tusken 1535 en 1540 waard yn Niederbachheim de reformaasje ynfierd. Yn de tsjerke is noch in diel fan in muorretabernakel út de katolike tiid oanwêzich.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.