![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/51/Flag_of_Moresnet.svg/langfy-640px-Flag_of_Moresnet.svg.png&w=640&q=50)
Neutraal Moresnet
From Wikipedia, the free encyclopedia
Neutraal Moresnet wie, fan 1816 oant 1919, in Jeropeeske steat fan mar 3,44 km2. It steatsje bestie allinnich om't de buorlannen Prusen en Nederlân it by it Kongres fan Wenen net iens wurde koene oer harren nije grinzen. Beide lannen woene de sinkmyn fan Kelmis hawwe, mei as gefolch dat se yn it Ferdrach fan de grinzen de gemeente Moresnet ferparten yn in Nederlânsk, in Moresnetsk, in Prusysk part Nij Moresnet en in neutraal part mei de sinkmyn, Neutraal Moresnet, dat se mei-inoar regearje soene oant se it iens wiene oer de opdieling.
| |||
![]() | |||
Offisjele taal | Nederlânsk Frânsk Dútsk Esperanto | ||
Haadstêd | Kelmis | ||
Steatsfoarm | Kondominium | ||
Gebiet | 3,44 km² | ||
Ynwenners (1858) | 2572 | ||
Munt | Franske frank, Belgyske frank, Reichsmark | ||
Tiidsône | UTC +1 | ||
Ynternet | n.f.t. | ||
Neutraal Moresnet wie in smelle trijehoeke dy't de dyk fan Aken nei Luik ferbûn mei de Faalserberch. De grins wie 11 km lang en it lân hie 256 ynwenners (1816).
Yn 1830/1839 waard Belgje ûnôfhinklik, en troch de Konvinsje fan Maastricht waard it trijelannepunt op de Faalserberch ta in fjouwerlannepunt, om't it no ek it begjinpunt fan de grins tusken Belgje en Nederlân wie. Moresnet lei besuden de grins en waard in part fan Belgje, en Belgje naam doe ek it regear fan Neutraal Moresnet oer.
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/3f/Moresnet_Karte.jpg/640px-Moresnet_Karte.jpg)
Yn 1885 rekke de sinkmyn leech, mar ek dêrnei koene Dútslân en Belgje it net iens wurde oer de opdieling. Uteinlik waard it Ferdrach fan Maastricht ferbrutsen doe't yn 1914 Neutraal Moresnet ynnaam waard troch Dútslân, en yn 1915 ta Prusysk gebiet ferklearre waard. Doe't de Earste Wrâldkriich oer wie, waard it probleem fan de opdieling oplost doe't Dútslân yn 1919 yn it Ferdrach fan Fersailles de soevereiniteit fan Belgje oer it bestriden Moresnet tajoech.