From Wikipedia, the free encyclopedia
It Nasjonaal Reaumuseum is oprjochte yn 1958 en is fêstige op it lânguod Nienoard yn De Like yn Grinslân. Ien fan de grûnlizzers is Freek Bischoff van Heemskerck.
It museum jout in oersjoch fan de skiednis fan it reizjen mei reauwen yn Nederlân yn de foarbye 300 jier. It hat in grutte kolleksje rau, belsliden, tugen, sealen, ark, skilderijen, printen en klean. It museum seit sels in soarte Arke fan Noach wêze te wollen, dêr't fan elk type reau teminsten ien eksimplaar bewarre wurdt.
Mei syn mear as 300 stiks ridend reau hat dit museum de grutste kolleksje reau yn de wrâld. Jierliks ûntfangt it museum, dat yntinsyf gearwurket mei reaumusea yn Lissabon en Wenen, 15.000 oant 25.000 besikers.
In diel fan it museum sit yn it kastiel fan Nienoard. Hjir binne histoaryske foarwerpen samle dy't te krijen hawwe mei de skiednis fan it bûten.
Yn 2007 kaam it reau fan Kastiel de Haar yn it besit fan it museum.[1]
Under de titel "Goud" waard it 50-jierrich bestaan fan it museum fierd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.