Nasjonaal Park Yellowstone
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Nasjonaal Park Yellowstone (Ingelsk: Yellowstone National Park; Arapaho: Henihco’oo of Héetíhco’oo) is in nasjonaal park yn 'e Feriene Steaten dat wiidferneamd is om syn natoerskientme. It leit fierhinne yn 'e uterste noardwesthoeke fan 'e Amerikaanske steat Wyoming, mar stiket justjes út oer de grinzen mei Montana en Idaho. It park, dat in oerflak fan krapoan 9.000 km² beslacht, waard yn 1872 skepen troch in wet dy't dêrta oannommen waard troch it Amerikaanske Kongres en ûndertekene waard troch presidint Ulysses S. Grant. Yellowstone wurdt beskôge as it âldste nasjonaal park fan 'e wrâld. It omfiemet in grut ferskaat om biotopen, wêrfan't subalpine wâld it meast foarkomt. Behalven om syn breed skala fan floara en fauna en syn prachtige útsichten stiet it park ek bekend om 'e geotermyske aktiviteit, dy't him benammen uteret yn 'e oanwêzigens fan in grut tal geisers, wêrûnder de ferneamde Old Faithful.
Nasjonaal Park Yellowstone Yellowstone National Park | ||
Bizons by in geiser yn it Nasjonaal Park Yellowstone. | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Wyoming | |
koördinaten | 44°36′ N 110°30′ E | |
oare ynformaasje | ||
status | nasjonaal park | |
oerflak | 8.983,2 km² | |
stifting | 1872 | |
behear | National Park Service (NPS) | |
webside | www.nps.gov/yell/ | |
kaart | ||
Lokaasje yn 'e legere 48 Feriene Steaten.
|