From Wikipedia, the free encyclopedia
Nalini Singh (yn Fidzjy, 7 septimber 1977) is in Fidzjiaansk-Nijseelânsk auteur fan Yndiaask komôf. Hja hat har talein op it skriuwen fan romans, novelles en koarte ferhalen fan it paranormal romance-subsjenre fan 'e fantasy-literatuer. Singh is in tige produktyf skriuwster dy't allinnich al oan romans mear as tritich titels op har namme stean hat.
Nalini Singh (skriuwster) | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nalini Singh | |
nasjonaliteit | Fidzjiaansk Nijseelânsk | |
berne | 7 septimber 1977 | |
berteplak | ? (Fidzjy) | |
etnisiteit | Sikh | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, romantyk | |
bekendste wurk(en) | Psy-Changeling-searje Guild Hunter-searje | |
útjouwer | Silhouette Books | |
jierren aktyf | 1999 – no | |
offisjele webside | ||
nalinising.com |
Singh is fan etnysk Sikh-komôf en waard yn 1977 berne yn Fidzjy, mar ferhuze as bern mei har âldelju nei Nij-Seelân, dêr't se fierder opgroeide. Se besocht de middelbere skoalle oan 'e Mount Roskill Grammar School yn Auckland. Neitiid folge se in oplieding ta leararesse Ingelsk, en dy hoedanichheid wie se trije jier wurksum yn Japan. Teffens reizge se wiidweidich troch Aazje. Singh hat ek wurke as abbekate, bibletekaresse, fabrykarbeidster en útstjoerkrêft by in bank.
Yn 1999 behelle se mei in koart ferhaal it trêde plak foar de Clendon Award fan 'e Romance Writers of New Zealand, de Nijseelânske feriening fan romantykskriuwers. Yn 2001 wûn se mei in manuskript dat as wurktitel Coaxing the Sheik hie, de Jane Porter Award en dêropta de Clendon Award yn 'e kategory publykspriis. Dat manuskript waard yn 2003 troch de útjouwerij Silhouette Desire ûnder de titel Desert Warrior as earste roman fan Singh publisearre.
Sûnt hat Singh mear as tritich romans skreaun, mei dêropta in grut tal koarte ferhalen en novelles. Har wurk heart foar it meastepart ta it sjenre fan 'e paranormal romance, dêr't fantasy en romantyk yn kombinearre wurde. Mei har boeken helle Singh ferskate kearen de bestsellerlisten fan 'e kranten de New York Times en USA Today en fan it faktydskrift Publishers Weekly. Sawol yn 2008 as yn 2009 wûn Singh de Nijseelânske Sir Julius Vogel Award foar bêste novelle.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1999 | Clendon Award | nominearre | bêste ferhaal | ? |
2001 | Jane Porter Award | wûn | bêste roman | Desert Warrior |
Clendon Award | wûn | publykspriis foar bêste roman | Desert Warrior | |
2008 | Sir Julius Vogel Award | wûn | bêste novelle | Beat of Temptation |
2009 | Sir Julius Vogel Award | wûn | bêste novelle | Stroke of Enticement |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.