![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/0/05/IFG_Mokkebank_ddk.jpg/640px-IFG_Mokkebank_ddk.jpg&w=640&q=50)
Mokkebank
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Mokkebank is in mei reid, rûchten en boskjes begroeide sânplaat yn de Iselmar. It natoergebiet fan 66 hektare leit troch in begroeide geul los fan Gaasterlân. Hjir omhinne leit in wetterfûgelreservaat fan 1.456 hektare.
Mokkebank | ||
![]() | ||
Mokkebank | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Laaksum (Iselmar) | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 1456 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De bank ûntstie krektas de waarden oan de westkust troch de ôfsluting fan de Sudersee. Hjirtroch kaam east fan Laaksum in sânplaat drûch te lizzen. Hjir sieten in protte seefûgels op. Doe’t de geul tusken de fêstewâl fersâne kamen de eilantsjes en platen oan de fêstewâl fêst te sitten.
Yn de kwelderfegetaasje sieten yn it earstoan in protte stirns. Yn 1941 sieten der wol twatûzen pear grutte stirns. Mei it tanimmen fan de begroeiing ferdwûnen de fûgelkoloanjes en kamen der grutte fjilden fan reis en biis. De platen kamen geandewei fierder nei it easten te lizzen. De slikige, net begroeide eastlike plaat hjiit de Slykhoeke. Oan de seekant ûntstienen troch opstowing troch waar en wyn sândúntsjes.