Moana (film út 2016)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Moana (yn beskate lannen en territoaria, wêrûnder Nederlân, útbrocht as Vaiana, sjoch hjirre) is in Amerikaanske jûnfoljende kompjûteranimearre tekenfilm, makke troch de Walt Disney Animation Studios en útbrocht troch Walt Disney Pictures yn novimber 2016. It wie de 56e lange Disney-tekenfilm, en kin omskreaun wurde as in musical, famyljefilm, aventoerefilm, aksjekomeedzje en coming-of-agefilm. Moana waard regissearre troch John Musker en Ron Clements, nei in senario fan Jared Bush, en mei muzyk fan Mark Mancina. It ferhaal giet oer Moana, in jong Polynezysk famke, dat lykme-allinnich ôfset oer see om har folk te rêden. Moana har stim waard ynsprutsen troch de jonge stimaktrise Auli‘i Cravalho yn har filmdebút, wylst akteur Dwayne Johnson ('The Rock') syn stim liende oan 'e healgod Maui. Moana waard nonimearre foar twa Oscars, twa Golden Globes, in Grammy, in BAFTA, in Satellite Award, in Saturn Award, twa Empire Awards en ferskate oare prizen. De film wûn in Annie Award en in American Music Award.
Moana | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Musker Ron Clements Don Hall (ko-regisseur) Chris Williams (ko-regisseur) | |
produsint | Osnat Shurer | |
útfierend produsint | John Lasseter | |
senario | Jared Bush | |
basearre op | ferhaal fan: Ron Clements John Musker Chris Williams Don Hall Pamela Ribon Aaron en Jordan Kandell | |
kamerarezjy | Rob Dressel (lay-out) Adolph Lusinsky (beljochting) | |
muzyk | Mark Mancina (soundtrack en lieten) Lin-Manuel Miranda (lieten) Opetaia Foa‘i (lieten) | |
filmstudio | Walt Disney Animation Studios Walt Disney Pictures | |
distribúsje | Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Auli‘i Cravalho Dwayne Johnson | |
byrollen | Rachel House Temuera Morrison Jemaine Clement Nicole Scherzinger | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 23 novimber 2016 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | musical, famyljefilm, aventoerefilm, aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk (ek Samoaansk en Tokelauaansk) | |
spyltiid | 103 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $150-175 miljoen | |
opbringst | $643,3 miljoen | |
prizen | Annie Award 2017 American Music Award 2017 |