Mike Horner (pornografysk akteur)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mike Horner, echte namme: Michael George Coe[1] (Portland (Oregon), 3 febrewaris 1955), is in Amerikaansk pornografysk akteur en regisseur, dy't ek wol gebrûk makke fan in ferskaat oan oare skûlnammen. Hy sette yn 1978 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn mear as 1.500 films. Horner wûn sân kear in prestizjeuze AVN Award, wêrûnder trije kear dy yn 'e kategory bêste akteur, en ien kear dy foar bêste byrol fan in akteur. Ek waard er ynhuldige as lid fan sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Yn 2010 beëinige er syn karriêre as pornoakteur.
Fluch de feiten
Mike Horner | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | ferskaat, sjoch pseudonimen | |
echte namme | Michael George Coe | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 febrewaris 1955 | |
berteplak | Portland (Oregon) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoakteur, regisseur | |
jierren aktyf | 1978 – 2010 | |
offisjele webside | ||
Mike Horner op Facebook |
Slute