Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân (Ingelsk: Commonwealth of England, Scotland and Ireland) wie in steat yn Jeropa dy't bestie fan 1659 oant 1660. It wie in fuortsetting ûnder in oare namme fan it Protektoraat, en omfieme de hiele arsjipel fan 'e Britske Eilannen. Weromsjend kin it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân beskôge wurde as in, frijwat gaoatyske, oergongsperioade tusken it Protektoraat en de keninkriken Ingelân, Skotlân en Ierlân, dy't nei de Restauraasje fan it Hûs Stuart yn 1660 yn âlde steat werombrocht waarden.
Fluch de feiten Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân Commonwealth of England, Scotland and Ireland, 1659 – 1660 ...
Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân Commonwealth of England, Scotland and Ireland | |
---|---|
1659 – 1660 | |
flagge | wapen |
Latyn: Pax Quæritur Bello ("Frede Siket Men mei Oarloch") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Londen |
offisjele taal | Ingelsk |
steatsfoarm | republyk |
ûntstien út | it Protektoraat |
opgien yn | ● Keninkryk Ingelân ● Keninkryk Skotlân ● Keninkryk Ierlân |
no diel fan | Feriene Keninkryk |
sifers | |
ynwennertal | ±8,5 miljoen (1659) |
befolkingstichtens | 3,7 / km² (1659) |
oerflak | ±314.000 km² (1659) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Ingelsk pûn, Skotsk pûn, Iersk pûn |
Slute