Midslânsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Midslânsk (Midslânsk: Meslânzers) is in Hollânsk-Frysk mingdialekt dat sprutsen wurdt yn it sintrale diel fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skylge. It ûntstie troch de iuwenlange Hollânske oerhearsking fan Skylge, wêrby't it doarp Midslân as bestjoerssintrum de sterkste ynfloed fan 'e Hollânske bestjoerstaal ûndergie. It Midslânsk is fral nau besibbe oan it Amelânsk. Mei it Skylgersk en it Aastersk, de beide oare dialekten dy't op Skylge sprutsen wurde, bestiet folle minder besibskip, mei't dat Fryske taalfoarmen binne.
Fluch de feiten
Midslânsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Meslânzers | |
lânseigen yn | ![]() | |
tal sprekkers | 500 (2009, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Hollânsk-Frysk ● Midslânsk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal | ![]() ● ![]() |
Slute