Midnederlânsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Midnederlânsk, soms ek wol Dytsk (Diets) neamd, is de oantsjutting foar de Nederfrankyske dialekten dy't fan 'e Midsiuwen oant de Renêssânse sprutsen waarden yn 'e súdlike en westlike Nederlannen. Dat gebiet besloech it westen, de midden en it suden fan it hjoeddeistige Nederlân, it noarden en westen fan it tsjintwurdige Belgje en dêropta noch dielen fan wat no westlik Dútslân en noardlik Frankryk binne. It Midnederlânsk is folle better oerlevere as it Aldnederlânsk, dêr't it út ûntstie.
Fluch de feiten
Midnederlânsk | ||
algemien | ||
taalgebiet | de súdlike en westlike Neder- lannen | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Midnederlânsk | |
skaaimerken | ||
tiidrek | 1100 – 1500 | |
ûntstien út | Aldnederlânsk | |
ûntjûn ta | Nijnederlânsk | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | dum | |
ISO 639-3 | dum |
Slute