Menachem fan Israel
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Menachem (Hebriuwsk: מְנַחֵם; betsjutting: treaster) wie de sechstjinde kening fan it Noardryk Israel. Hy wie de soan fan Gadi en syn regear wurdt datearre tusken 752 f.Kr. oant 742 f.Kr.
Menachem wie in kommandant yn it leger en waard kening fan Israel nei't hy syn foargonger Sjallûm ôfset en ombrocht hie. Nei't Sjallûm sels syn foargonger fermoarde hie, teach Menachem mei syn leger nei de haadstêd Samaria. De kommandant rûn neffens it Alde Testamint út yn wredens, want tidens de tocht nei Samaria die de stêd Tifsach de poarten net foar Menachem iepen. Menachem wist de stêd yn te nimmen en liet dêrnei út wrake alle swiere froulju fan de stêd iepensnije.[1]
Krekt as syn foargongers makke Menachem doe't er kening waard gjin ein oan de ôfgoaderij yn Israel. It ryk krige te lijen ûnder de ynfal fan kening Pûl fan Assyrje. Foar de beskerming fan syn troan ûnthiet Menachem de kening fan Assyrje om alle jierren 1000 sulveren talinten ôf te dragen. It jild moast byinoar brocht wurde troch in ekstra belesting fan 50 sulveren sikkels foar alle rike minsken yn Israel.
It wegerjen fan it tribút oan Assyrje soe letter, tidens it bewâld fan kening Hoséa, liede ta de ûndergong fan it Tsjienstammenryk.
It liket der op dat Menachem in natuerlike dea stoar. Hy waard opfolge troch syn soan Pekachja.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.