Meet Me in St. Louis (film út 1944)
film út 1944 fan Vincente Minnelli / From Wikipedia, the free encyclopedia
Meet Me in St. Louis is in Amerikaanske histoaryske romantyske filmmusical, filme yn Technicolor, út 1944, ûnder rezjy fan Vincente Minnelli. De haadrollen waarden fertolke troch Judy Garland, Lucille Bremer en de jonge Margaret O'Brien. De titel betsjut "Moetsje My yn St. Louis". De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Sally Benson, út 1942. It ferhaal fan dizze jukeboxmusical folget it wol en wee fan 'e famylje Smith yn St. Louis, yn 'e oanrin nei de iepening fan 'e Louisiana Purchase Exposition fan 1904 yn dy stêd. Meet Me in St. Louis krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard yn 1994 foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it National Film Registry. It liet Have Yourself a Merry Little Christmas, dat yn 'e Ingelsktalige wrâld no in wiere krystklassiker is, waard oarspronklik skreaun foar Meet Me in St. Louis.
Meet Me in St. Louis | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Vincente Minnelli | |
produsint | Arthur Freed | |
senario | Irving Brecher Fred F. Finklehoffe | |
basearre op | de roman fan Sally Benson | |
kamerarezjy | George J. Folsey | |
muzyk | Roger Edens (tekst) Conrad Salinger (meldijen) Georgie Stoll (dirigint) | |
filmstudio | Metro-Goldwyn-Mayer | |
distribúsje | Loew's Inc. | |
spilers | ||
haadrollen | Judy Garland Lucille Bremer Margaret O'Brien | |
byrollen | Mary Astor Leon Ames Harry Davenport Tom Drake Marjorie Main | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 novimber 1944 | |
foarm | lange filmmusical | |
sjenre | histoaryske romantyske film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 113 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $1.885.000 | |
opbringst | $6.566.000 |