St. Louis
From Wikipedia, the free encyclopedia
St. Louis of Saint Louis (útspr.: [se:nt 'lu:ɪs], likernôch: "seent lûû-is"; Frysk: Sint-Loadewyk) is in ûnôfhinklike stêd (dy't dus gjin diel útmakket fan in county) yn 'e Amerikaanske steat Missoury. Mei krapoan 320.000 ynwenners is it nei Kansas City de grutste stêd fan dy steat. As alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske krite meirekkene wurde, komt it befolkingstal sels út op hast 2,8 miljoen minsken. St. Louis leit oan 'e eastgrins fan 'e Missoery, oan 'e rivier de Mississippy, justjes besuden it punt dêr't de rivier de Missoery dêryn útmûnet.
Fluch de feiten
St. Louis | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Missoery | |
Gemeente | St. Louis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 318.172 (2012) | |
Oerflak | 171,3 km² (ynkl. wetter) 160,4 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.983,6 / km² | |
Stêdekloft | 2.795.794 (2012) | |
Hichte | 142 m | |
Oar | ||
Stifting | 1764 | |
Tiidsône | UTC- 6 | |
Simmertiid | UTC- 5 | |
Koördinaten | 38°37′38″N 90°11′52″W | |
Offisjele webside | ||
stlouis-mo.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan St. Louis yn Missoery.
|
Slute
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Missoery. Foar oare betsjuttings, sjoch: St. Louis (betsjuttingsside).