Mearum[2][3] (Nederlânsk en offisjeel: Marum; Grinslânsk: Moarum) is in doarp yn de gemeente Westerkertier. Foar 2019 wie Mearum it haadplak fan de gemeente Mearum. It plak Mearum hat likernôch 5.700 ynwenners (2020) en leit sawat 10 kilometer fan Drachten yn it Westerkertier fan Grinslân.
Mearum Marum | ||
Herfoarme tsjerke Mearum (2014) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.125 (2023) [1] | |
Oerflak | 26,56 km² dêrfan lân: 26,27 km² dêrfan wetter: 0,28 km² | |
Befolkingsticht. | 231 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A7 | |
Postkoade | 9363 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Skiednis
De namme Mearum komt fan Mar (wetter) en Hiem (stee), dus plak oan it wetter.
Mearum hat in stik of wat buorskippen: Linde, De Haar, en Malijk, de streek tusken Krúswei en Nuis. By de pleatsen yn it buorskip Malijk lâns rûn in âlde dyk oan de Krúswei ta. Dy sleat oan op de dyk troch it âlde sintrum (Mearum-West) en rûn oer De Haar nei Fryslân ta. Krekt as yn de measte oare plakken fan de gemeente Mearum is der in soad lintbebouwing.
Fan 1913 oant 1985 rûn de Tramwei Drachten - Grins troch Mearum. Oant 1948 foar ferfier fan minsken en fracht, nei 1948 allinnich foar fracht.
Fan 1939 oant 1963 hie Mearum in legere lânbouskoalle.
- Sjoch ek Trimunt
Taal
De measte Mearumers prate Standertnederlânsk. In lytse groep, fral de âlderen, prate Westerkertiersk.
Teffens wurdt der noch wol Frysk praat yn dit part fan Grinslân. Dat komt omdat der in protte minsken fan Frysk komôf wenje. Yn de tiid fan de ferfeanting, oant de iere 20e iuw ta, hawwe in protte Fryske arbeiders harren yn it Westerkertier nei wenjen setten. Yn it oare part fan Grinslân is it Frysk al iuwen lyn ferkrongen troch it Nedersaksysk.
Tsjerken
De Herfoarme tsjerke yn Mearum-West is ien fan de âldste bakstiennen bouwurken yn Grinslân en is boud yn 'e 12e iuw. Yn de 13e iuw waard de toer fernijd en yn de 18e iuw ferlege. De tsjerke wurdt net mear in soad brûkt sûnt de grifformearde tsjerke de PKN-tsjerke fan it doarp is. Hosiana is de namme fan de oan it begjin fan de jierren 1990 boude tsjerke fan de Molukse mienskip. Oan de Langestrjitte stiet de frijmakke Immanueltsjerke.
Berne yn Mearum
- Johannes Siebinga (1898-1969), dokter en archeolooch
- Roelf Hofstee Holtrop (1926-2014), boargemaster
- Renze de Vries (1930-2012), âld-foarsitter FC Groningen
- Yme Drost (1961), letselskea-saakkundige
Gallery
- Gemeentehûs fan Westerkertier (2008)
- Opreed fan bedriuweterrein Marumerlage (2011)
- Mole fan Benedictus (2011)
- Pierswyk (2017)
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.