![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/2d/Marianne_Timmer_%252809-12-2007%2529.jpg/640px-Marianne_Timmer_%252809-12-2007%2529.jpg&w=640&q=50)
Marianne Timmer
From Wikipedia, the free encyclopedia
Maria Aaltje ("Marianne") Timmer (Sappemeer, 3 oktober 1974) is in Nederlânsk reedrydtrainer en earder reedrydster. Timmer is trijefâldich Olympysk Kampioene.
Marianne Timmer | ||
![]() | ||
![]() | ||
Marianne Timmer (2007) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Maria Aaltje Timmer | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 3 oktober 1974 | |
berteplak | Sappemeer | |
lingte | 1.74 m | |
gewicht | 63 kg | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Nagano 1998, Salt lake City 2002, Turyn 2006 | |
debút | 1993 | |
karriêre-ein | 2011 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() ![]() |
Sy die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fjirtjin kear oan itWrâldkampioenskip sprint en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1998, 2002 en 2006). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, trije kear Olympyske kampioen wêr ûnder twa kear op de 1000 meter. Sy waard ek tsien kear Nederlânsk kampioen sprint. Yn 2011 stopte Timmer healwei it seizoen mei reedriden op heech nivo. Sy waard reedrydtrainster fan ûnder oaren de Japanske reedrydster Nao Kodaira. Marianne Timmer hat twa kear boaske west fan 2001 oant en mei 2003 mei har Amerikaanske reedrydtrainer Peter Mueller, en fan 2012 oant 2019 wie se boaske mei doelman Henk Timmer.