Majlinda Kelmendi
From Wikipedia, the free encyclopedia
Majlinda Kelmendi (Peć (Kosovo), 9 maaie 1991) is in earder Kosovaarsk judoka fan etnysk Albaneesk komôf. Hja wûn de judotitel by de froulju ûnder de 52 kg op 'e Jeropeeske kampioenskippen fan 2014, 2016 en 2017, op 'e wrâldkampioenskippen fan 2013 en 2014 en op 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro fan 2016. Yn 2014 stie Kelmendi boppe-oan 'e frouljusranglist fan 'e Ynternasjonale Judo Federaasje (IJF), en op 7 augustus 2016 wûn se as earste Kosovaarske dielnimmer in Olympyske medalje. Behalven de Kosovaarske hat Kelmendi ek de Albaneeske nasjonaliteit.
Fluch de feiten
Majlinda Kelmendi | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Majlinda Kelmendi | |
nasjonaliteit | ![]() ![]() | |
bertedatum | 9 maaie 1991 | |
berteplak | Peć | |
etnisiteit | ![]() | |
gewicht | <52 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | judo | |
O.S. | Londen 2012 Rio de Janeiro 2016 Tokio 2020 (2021) | |
debút | 2009 | |
karriêre-ein | 2023 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() ![]() ![]() ![]() |
Slute