Lúksemboarch of Lúksemburch (Frânsk: Luxembourg, Dútsk: Luxemburg, Lúksemboarchsk: Lëtzebuerg) is de haadstêd fan it lân Lúksemboarch, it Distrikt Lúksemboarch en it Kanton Lúksemboarch. De gemeente hat neistenby 134.714 ynwenners (2024)[1] en in oerflakte fan neistenby 51 km².

Fluch de feiten
Lúksemboarch
Luxembourg (Frânsk)
Luxemburg (Dútsk)
Lëtzebuerg (Lúksemboarchsk)
Thumb
Bestjoer
LânLúksemboarch
Sifers
Ynwennertal134.714(2024)
Oerflak51.46 km²
Befolkingsticht.2000 km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten49° 36' N, 06° 07' E
Offisjele webside
www.vdl.lu
Slute
Thumb
It stedhûs fan Lúksemboarch
Thumb
Oranje: Stêd Lúksemboarch
Read: Kanton Lúksemboarch
Donkergrys: Distrikt Lúksemboarch

Yn de stêd Lúksemboarch binne it Hôf fan Justysje fan de Jeropeeske Uny, it Jeropeeske Rekkenkeamer en it siktariaat-generaal fan it Jeropeesk Parlemint fêstige.

Skiednis

Yn 963 boude greve Siegfried in kastiel mei in ienfâldige ferdigeningsmuorre op de Bock-rots. Dêrút is de stêd ûntstien. Yn de rin fan de tiid waarden der oan de westkant noch twa ferdigeningsgurdels oanlein. Ferskillende yngenieurs, ûnder oaren Vauban, bouden de stêd út ta ien fan de sterkste festingen fan Jeropa. Dêrtroch krige Lúksemboarch de bynamme 'Gibraltar fan it Noarden'.

By it kongres fan Londen yn 1867 waard Lúksemboarch neutraal ferklearre en moasten de festingwurken ûntmantele wurde. Sadwaande bleau mar 10% fan de fêsting bewarre, dêr't de kazematten dy't yn de Twadde Wrâldkriich as skûlplak tsjinnen ek by binne.

De âlde binnenstêd en in tal oerbleaune festingwurken waarden yn 1994 op de Wrâlderfgoedlist set.

Yn 1995 en yn 2007 wie Lúksemboarch de Kulturele Haadstêd fan Jeropa, in status dy't de stêd yn 2007 dielde mei it Roemeenske Sibiu.

It besjen wurdich

Tsjerken

  • U.L.F.katedraal mei kariljon.
  • De St. Michielstsjerke

Musea

  • Arboretum Kirchberg
  • Museé d'Art Moderne Grand-Duc Jean

Oars

  • de Bock-kazemattes festingmuorre
  • de Adolfsbrêge (Pont Adolphe)
  • it toeristyske treintsje
  • de Gruthartoginne Charlottebrêge
  • it Stade Josy Barthel, it stadion fan it Lúksemboarchsk fuotbalalvetal

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.