Légion d'honneur
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Légion d'honneur (Frânsk foar "Earelegioen" of "Legioen fan Ear") is de heechste ûnderskieding fan 'e Frânske Republyk, dy't yn 1802 ynsteld waard troch Napoleon Bonaparte. Offisjeel is de namme eins: Ordre National de la Légion d'honneur ("Nasjonale Oarder fan it Legioen fan Ear"). Dizze ûnderskieding kin sawol oan Frânske steatsboargers as oan bûtenlanners takend wurde. It biedwurd fan 'e oarder is Honneur et Patrie ("Eare en Heitelân"), en syn sit is it Palais de la Légion d'honneur, dat yn 'e Frânske haadstêd Parys oan 'e lofterwâl fan 'e rivier de Seine stiet.
Fluch de feiten
Légion d'honneur | ||
De medalje droegen troch in ridder (chevalier) fan it Légion d'Honneur. | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frânsk | |
útrikt foar | fertsjinste | |
útrikt troch | it regear fan Frankryk | |
ynsteld | 1802 | |
offisjele webside | ||
www.legiondhonneur.fr |
Slute