Lomé
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lomé is de haadstêd fan Togo. De stêd is it bestjoerlike en yndustriële sintrum mei de grutste haven fan it lân.
Fluch de feiten
Lomé | ||
Polityk | ||
Lân | Togo | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 837.437 (2010) | |
Oerflak | ± 90 km² | |
Befolkingsticht. | 9.297 km² | |
Hichte | 5 - 30 m | |
Oar | ||
Stifting | 18e iuw | |
Koördinaten |
Slute
Lomé leit oan de Golf fan Guinee (oan de Atlantyske Oseaan. De stêd hat lichte yndustrie, mar ek in oaljeraffinaderij en eksportearret ûnder oaren kakao, kopra en kofje. Lomé is ek it medysk en ûnderwiissintrum (Unversiteit fan Lomé) foar hiel Togo. Ut Lomé wei rinne wegen nei Boerkina Faso en dêrwei nei Maly en Niger, lannen dy't net oan de see lizze, dat de haven hat ek wat te betsjutten foar de omlizzende lannen.
Yn 1975 waard yn Lomé de Konfinsje fan Lomé sletten tusken de Jeropeeske Mienskip en de ACS-steaten.