From Wikipedia, the free encyclopedia
Niger is in lân yn Afrika. De haadstêd is Niamey.
| |||||
Offisjele taal | Frânsk | ||||
Haadstêd | Niamey | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners (2020) | 23.196.000 (rûsd) | ||||
Munt | CFA-frank (XOF) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 3 augustus | ||||
Lânkoade | NER | ||||
Ynternet | .ne | ||||
Tillefoan | 227 |
It lân wurdt begrinzge troch:
Twa-tredde part fan Niger is ûnderdiel fan de Sahara. Yn it suden en súdeasten leit de Sahel. De rivier de Niger streamt 650 km troch it súdwesten fan it lân, it is de tredgrutste rivier fan Afrika.
De befolking fan Niger is ûnderferparte yn ferskate etnyske kloften, te witten: de Hausa (55,4%), Songhay (21%), Touarek (9,3%), de Fulany of Fulbe (8,5%), de Kanury (4,7%) en oare kloften. It grutste part fan de befolking wennet yn de fallei fan de rivier de Niger.
De islam is de dominante godstsjinst, 80% fan de befolking wurdt ta dit leauwen rekken. It lân is sûnt de oprjochting yn 1969 lid fan de Organisaasje fan de Islamityske Konferensje (OIC). It kristlike part fan de befolking wenje fral yn de omkriten fan Doutchy.
It Frânsk is de offisjele taal fan Niger. De wichtige eigen talen dy't sprutsen wurde binne it Hausa, Djerma, Tamajak en Fulfulde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.