From Wikipedia, the free encyclopedia
Loaiïngea (offisjeel Nederlânsk: Loënga) is oarspronklik in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, krekt noardeast fan de stêd Snits. It wie ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea. Tsjintwurdich is Loaiïngea net mear in echt doarp, mar in buorskip fan Skearnegoutum.[2]
Loaiïngea | ||
Pasfear | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 47 (2022) [1] | |
Oerflak | 0,26 km, werfan: - lân: 0,26 km² - wetter 0,01 km² | |
Befolkingsticht. | 180 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 02' N 5° 40' E | |
Kaart | ||
De himrik fan Loaiïngea wie eartiids folle grutter. Dy lei wol oant Goaiïngea en Skearnegoutum en oant oer de Swette ta, dêr't no de noardlike nijbouwiken fan Snits lizze. Der wie doe ek in opfeart nei de Snitser Aldfeart.
It doarp waard yn 1335 Loinghum neamd, yn 1482 Loyngum, yn 1483 toe Lyouns, yn 1505 Loynghum en yn 1718 Loijnga. De namme betsjut wenplak (hiem/um) fan it skaai Loijnga.
Sûnt 1335 hie Loaiïngea al in tsjerke, dy't oan Nikolaas fan Myra wijd wie. Fanwegen de minne steat fan it gebou waard de tsjerke yn 1745 ôfbrutsen. Op it begraafplak stiet tsjintwurdich ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân. De âlde klok út 1635 waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers foardere en omraand en yn 1950 ferfongen troch in nijen-ien.
Nei al gedachten stie al foar 1490 net fier fan de tsjerke de Bonningastins. Yn 1622 stie de stins noch op de kaart fan Winsemius, mar yn 1664 wie dy al ferfongen troch in pleats.[3] Op de hjoeddeiske Snitser wyk Harinxmalân stie mooglik al sûnt it begjin fan de 16e iuw de eartiids ûnder Loaiïngea fallende Harinxma State. Om't der nijbou plak fûn waard yn 2007 op it lân om de oarspronklike lokaasje fan de state argeologysk ûndersyk útfierd. Oer in grut gebiet waarden resten fan boumateriaal fûn út de 16e oant de 19e eeuw, werút bliken docht dat nei de ôfbraak fan de state it lân egalisearre is.[4].
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 makke Loaiïngea diel út fan de gemeente Wymbritseradiel. Yn dat jier waard Loaiïngea mei de doarpen Ysbrechtum en Offenwier by de gemeente Snits foege. Sûnt 2011 leit Loaiïngea yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
De kop-romp-pleats Pasveer is nei in grutte brân yn 1939 yn Fryske styl wer opboud.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 70 | 92 | 84 | 79 | 68 | 42 | 66 | 42 |
Jier | 2022 | |||||||
Ynwenners | 47 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.