![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/1f/Lesbian_Couple_from_back_holding_hands.jpg/640px-Lesbian_Couple_from_back_holding_hands.jpg&w=640&q=50)
Lesbiënne
From Wikipedia, the free encyclopedia
In lesbiënne, ek wol homoseksuele frou, is in frou dy't har emosjoneel en seksueel benammen oantrokken fielt ta froulju. It "lesbysk wêzen" hjit lesbianisme.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/1f/Lesbian_Couple_from_back_holding_hands.jpg/640px-Lesbian_Couple_from_back_holding_hands.jpg)
De term is oflaat fan de namme fan it Grykske eilân Lesbos, dêr't de dichteresse Sappho libbe, dy't oer frouljusleafde dichte.[1] Soms wurdt dêrom ek wol sprutsen oer Saffyske leafde.
It wurd lesbienne hat in oantal synonimen, lykas tribade (nei in seksuele hanneling), lesbo en pot (oarspronklik lollepot).[2]
Yn guon kulturen en religys wurdt homoseksualiteit ôfkard. Lesbyske froulju rinne yn bepaalde Afrikaanske en Aziatyske lannen it risiko om slachtoffer te wurden fan geweld troch de famylje of de oerheid.