From Wikipedia, the free encyclopedia
De Laurenstsjerke yn Ychten is in tsjerkegebou fan de protestanske gemeente Ychtenbrêge-Eastersee. De tsjerke is in ryksmonumint.
Laurenstsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Ychten | |
adres | Haadwei 30 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | ± 1250, yn de 17e iuw ommitsele, toer 1879 | |
offisjele webside | ||
Side gemeente |
De tsjerke fan Ychten is in stik âlder as it liket. It gebou soe om 1250 hinne boud wêze, mar waard yn de twadde helte fan de 17e iuw ferboud en ommitsele. De flakke pilasters oan it muorrewurk folgje nei alle gedachten de lisenen fan de midsiuwske tsjerke. Oan it begjin fan de 19e iuw waarden de ramen feroare sa't se no binne.
Oarspronklik hie de tsjerke gjin toer, mar in klokkestoel. Earst yn 1879 krige de tsjerke oan de westlike kant in toer. Ta oantinken dêrfan is in gevelstien boppe de tagong oanbrocht. Yn de toer hinget in klok út 1957 fan de firma Van Bergen te Heiligerlee. In âldere klok, getten yn 1579 troch Cornelius van Ammeroy, ferhûze nei de herfoarme tsjerke fan it Oeriselske Blankenham. De fjouwerkante toer giet oer yn in achtkante, mei laaien beklaaide, opbou mei dêrboppe in spitse ôfsluting.[1]
Yn 2009 fusearre de herfoarme gemeente mei de grifformearde gemeente. Sûnt hat de protestanske gemeente twa tsjerken: de eardere grifformearde Krústsjerke fan Ychtenbrêge en de eardere herfoarme Laurenstsjerke fan Ychten.[2]
It ynterieur út de earste helte fan de 19e iuw is noch foar in grut part oanwêzich.
It Ljouwerter oargelbedriuw L. van Dam en Soannen boude yn 1871 in oargel foar de gemeente. Dêrnei is der fierders neat feroare oan it ynstrumint. Flentrop Orgelbouw út Saandam fersoarge yn 1981 de restauraasje.[3]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.