Kristoffel Bearend fan Galen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kristoffel Bearend fan Galen (Dútsk: Christoph Bernhard Freiherr von Galen) (Drensteinfurt, 12 oktober 1606 – Ahaus, Kreis Borken, 19 septimber 1678), biskop fan Münster, wie in Dútsk kriichshear dy't twaris de Nederlannen binnenfoel. Von Galen wie in absolutistysk foarst, dy't de macht fan de gilden en fan de stêd Münster, dat oansluting socht by de Hanzestêden beheinde. It slagge Von Galen de Sweedske, Hessyske en Hollânske besetting it lân út te krijen.