Koöperaasje
From Wikipedia, the free encyclopedia
De koöperaasje is in foarm fan selsorganisaasje fan produsinten of ferbrûkers, rjochte op it fergrutsjen fan de ekonomyske macht en it heljen fan skaalfoardiel. De wet yn Nederlân, Belgje en oare lannen makket it bestean fan in 'koöperative feriening' mooglik.
Koöperaasjes hawwe it tige grutte rol spile yn de ekonomyske emansipaasje fan grutte groepen fan de befolking, benammen om de iuwwikseling fan de 19e nei de 20e iuw. Middels de koöperaasje koenen produsinten (benammen) en konsuminten har ferienje en sa meiïnoar doelen berikke dy't foar elk yndividu ûnberikber west hawwe soenen, benammen op it mêd fan ynvestearrings.
Fryslân hat it tige grutte koöperative skiednis, wêrby't suvelkoöperaasjes oprjochte waarden ( en noch altiten bestean, de grutte molkbedriuwen komme fuort út of binne noch koöperaasjes, lykas Frico), neist ferbrûkskoöperaasjes lykas de grutte lânboukoöperaasjes ek bûten Fryslân lykas de Avebe en de CAF en finansjele tsjinstferlieneners as boerelienbanken en ûnderlinge ferzekeringsmaatskippijen, lykas FBTO en wenningboukoöperaasjes. In tige nijsgjirrige foarm wie dy fan de boereselsorganisaasje fan de Erfgoaiers yn it Goai, dy't rjochte wie op it mienskiplik brûken fan lânbougrûnen. Begjin jierren sechtich waarden yn lytse regio’s ferienings oprjochte om by it weifallen fan de boer of túnker de kontinuïteit fan boerebedriuwen yn te stean, de Agraryske Bedriuwsfersoarging (AB). AB is der hjoeddeisk noch altiten, al is it takepakket wyls flink útwreide. Ek yn de rest fan Europa binne in soad koöperaasjes ûntstien; yn de Feriene Steaten lykwols sa goed as net.
By koöperative ûndernimmings binne de leden-eigeners tagelyk wichtige sakepartners fan de koöperaasje en binne dêrtroch nau belutsen by de strategy. Harren rol is tafersjoch hâlde en de ynvestearrings mei bepale. Yn Nederlân binne hast alle koöperative ûndernimmingen yn de lânbou en de koöperative Rabobank en ûnderlinge fersekeringsmaatskippijen lid fan de Nasjonale Koöperative Ried foar lân - en túnbou, koartwei de NCR. Dizze befoardert it koöperatyf ûndernimmerskip. Der bestiet ûnder mear in learstoel 'koöperatyf rjocht' oan de Universiteit fan Tilburg.