From Wikipedia, the free encyclopedia
De koöperaasje Avebe U.A. is in ûndernimming dy't de hiele wrâld oer produkten leveret mei ierdappelsetmoal en ierdappelaaiwyt as basis foar tapassings yn fieding, bistefoer, papier, bou, tekstyl en kleefstoffen. Avebe hat fêstigingen yn Foxhol, Ter Apelkanaal en Gasselternijfean.
Avebe U.A. | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | produkten mei jirpelsetmoal | |
fêstige yn | Feandam (Grinslân) | |
oprjochte | 1919 | |
sifers | ||
omset | € 574 miljoen (2009–2010) | |
aktyf yn | hiele wrâld | |
offisjele webside | ||
www.avebe.com |
By Avebe binne sa'n 2000 boeren oansluten, ferparte oer seis distrikten (twa yn Dútslân en fjouwer yn Nederlân ). De koöperaasje hat fabriken yn Nederlân, Dútslân en Sweden. Der arbeiden yn 2014 sa'n 1300 minsken en it bedriuw hat in omset fan € 574 miljoen (2009-2010)
De namme Avebe komt fan Aardappelmeel Verkoop Bureau (AVB). De koöperaasje waard oprjochte yn 1919 as gearwurkingsferbân tusken Grinslanner koöperative ierdappelsetmoalfabrikanten om foar dyen goede prizen te krijen foar natyf setmoal. De boerekoöperaasjes ferkrongen de private setmoalbedriuwen nei de produksje fan setmoalderivaten. Yn 1948 waard de namme Avebe wizige yn Coöperatieve Verkoop- en Productievereniging van aardappelmeel en derivaten AVEBE B.A en yn 1956 waarden de earste derivaten (ôflieden produkten fan ierdappelsetmoal) makke.
De skiednis fan Avebe is sterk ferbûn mei de skiednis fan de Grinslanner Feankoloanjes en it setmoalbedriuw KSH (Koninklijke Scholten-Honig) oprjochte troch Willem Albert Scholten, Nederlânsk earste multinational en diels oernomd yn 1978 nei it fallisemint.
Avebe is no de grutste produsint fan ierdappelsetmoal yn de wrÂLD. De boeren binne noch altiten de baas oer de koöperaasje middels in lederied.
Nei ynvestearrings sûnt de jierren 90 yn ferbreding fan it bedriuw yn weet en tapioka hat Avebe syn aktiviteiten sûnt 2006 reorganisearre om de ierdappelsetmoal tylt.
Avebe hat sûnt 2005 de ggo-frij amylopektine ierdappelsetmoal, Eliane op de merk en ynvestearret yn in nije raffinaazjetechnyk foar it meitsjen fan natyf ierdappelaaiwyt. It native ierdappelaaiwyt, Solanic, jout nije gebrûksmooglikheden yn benammen fiedingstapassings.
It haadkantoar fan Avebe is in septimber 2006 ferhuze fan Veendam nei Foxhol. Ek oare kantoren in Veendam sille fan de hân dien wurde; der bliuwt noch ien laboratoarium en in gedielte fan de kommersjele organisaasje oer. Hjirmei komt in ein oan in desennialange ferbyntnis tusken Avebe en Veendam.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.