![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/b8/Konqueror_NL.png/640px-Konqueror_NL.png&w=640&q=50)
Konqueror
From Wikipedia, the free encyclopedia
Konqueror, oarspronklik útbrocht yn 1996, is in webblêder, triembehearder en triemwerjouwer yninoar, ûntwikkele as part fan de K Desktop Environment. It is ûntwikkele troch frijwilligers en kin omgean mei bestjoeringssystemen lykas linux, Windows en Mac Os X. Konqueror en dêrmei ek de rest fan de komponinten yn it pakket KDEBase, wurdt útbrocht ûnder de lisinsje fan GNU General Public License.
Konqueror | |
---|---|
![]() | |
![]() | |
| |
Untwikkelder | It KDE Team |
Meast resinte ferzje | 4.9.1/ 4 septimber 2012 |
Platfoarm | Multyplatfoarm (Linux, BSD, Solaris, Windows, Mac OS X) |
Kategory | Webblêder, Triembehearder |
Lisinsje | GNU General Public License |
Webstee | www.konqueror.org |
De namme "Konqueror" komt fan in wurdspultsje tusken twa blêderprogramma's: "After the Navigator and the Explorer comes the Conqueror". Conqueror wurdt stavere mei in K om sa oan te jaan dat it heard by de KDE famylje.[1]
Op 23 oktober, 2000 waard mei ferzje 2 fan KDE foar it earst Konqueror meilevere,[2] en ferfong it hjir syn foargonger KFM (KDE file manager).