Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Konfederaasje fan Unôfhinkliklike Stelsels (Ingelsk: Confederacy of Independent Systems), ôfkoarte ta KUS en ek wol it Separatistysk Ferbûn neamd, is in fiktyf ynterstellêr steatsferbân út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones, út 2002. De KUS is in separatistyske konfederaasje fan selsregearjende planetestelsels dy't har ôfskiede wolle fan 'e Galaktyske Republyk. Dêr sitte de Sith efter, dy't safolle mooglik gaos en trelit feroarsaakje wolle yn it Stjerrestelsel. De oprjochting fan 'e KUS liedt ta in trije jier oanhâldende boargeroarloch: de Kloane-oarloggen. Oan 'e ein fan dy ûnlijige snuorje hellet kânselier Palpatine, dy't temûk eins de Sith-master Darth Sidious is, de Republyk ûnder fuotten om yn it plak dêrfan it Galaktysk Keizerryk op te rjochtsjen, mei himsels as keizer. Mei de KUS, dy't dan net mear nedich is, weeft er dêrnei op ûnmeilydsume wize ôf.
Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels | |
---|---|
ûnderdiel fan Star Wars | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
lokaasje en geografy | |
lokaasje | "yn in Stjerrestelsel fier, fier fuort" |
haadstêd | gjint |
polityk | |
steatsfoarm | konfederearre republyk |
regear | Utfierende Separatistyske Ried |
offisjele taal | Basaalsk (Basic) |
muntienheid | Galaktyske kredyt |
oprjochting | 22 f.Sl.Y. |
opheffing | 19 f.Sl.Y. |
fuortkommen út | ![]() |
opgien yn | ![]() |
sifers | |
ynwennertal | hûnderten miljarden |
tal bewenne planetestelsels | 10.000 |