Unmeilydsumens
From Wikipedia, the free encyclopedia
Unmeilydsumens is in gemoedstastân of karaktereigenskip wêrby't men neat jout om 'e gefoelens, de belangen en/of it lichaamlik wolwêzen fan oaren. It is it tsjinstelde fan begrutsjen.[1] It byhearrend eigenskipswurd is ûnmeilydsum. Synonimen dêrfan binne: herteleas, hertlau, hurd, hurdhertich, strûs of strús, strúsk, ûnbarmhertich, ûnferbidlik, ûngefoelich, ûnmeigeand, ûnmurfber of ûnmorfber en ûnoandwaanlik. Unmeilydsumens is net itselde as ûnferskilligens of wredens, hoewol't it dêr wol reitsflakken mei hat.