From Wikipedia, the free encyclopedia
De oblast Koersk (Russysk: Курская область; Koerskaja oblast) is in oblast yn it súdwestlike diel fan Ruslân. De oblast grinzget oan Oekraïne en leit geunstich oan de ferbining tusken Moskou en de tichtbefolke en yndustriële gebieten yn it easten fan de Oekraïne.
Koersk oblast
Псковская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sintraal |
ekonomyske regio | Sintraal-Tsjernozjom |
haadplak | Koersk |
grutste plak | Koersk |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (96,5 %) Oekraïners (1,3 % %) Armeenjers (0,5 % %) (stân: 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 1.083.584 (2022) |
oerflak | 29.997 km² |
befolkingstichtens | 36,12 ynw./km² |
oar | |
stifting | 13 juny 1934 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 51° 45' N 36° 1' E |
webside | kursk.ru |
It gebiet leit oan de westlike kant fan it Sintraal-Russysk Plato mei hichten fan 150 oant 300 meter en in oerflak fan 250 by 150 kilometer. De rivieren Sejm en Svapa ûntwetterje it gebiet en mûne út yn de Dnjepr. Yn it suden en easten soargje ek de Psel en de Oskol foar de ûntwettering. De haadstêd Koersk leit sintraal yn de oblast.
Yn de oblast wurdt izererts wûn. It Koersker bekken hat de grutst bekende foarried izererts, dy't de sterkste magnetyske anomaly fan 'e wrâld feroarsaket. Oare boaiemskatten binne goud, uranium en platina. Njonken de metaalferwurking binne gemyske en de fiedselyndustry sterk oanwêzich. De grûn bestiet út de fruchtbere swarte ierde en hat in heech agrarysk gebrûk.
By Koertsjtatov stiet de kearnsintrale Koersk.
Yn de Twadde Wrâldkriich folge yn de hjerst fan 1941 de besetting fan de oblast troch Nazy-Dútslân. De Slach om Koersk fûn tusken 5 july 1943 en 23 augustus 1943 plak en wie de grutste tankslach fan de Twadde Wrâldkriich.
De oblast Koersk is ferdield yn 28 rajons en 5 stedsdistrikten. De grutste stêden binne njonken de haadstêd Koersk Zjelesnogorsk en Koertsjatov en Lgov. Meiïnoar hat de oblast 10 stêden en 22 plakken mei in stedsk karakter.
Name | Russyske namme | Ynwenners (2022) | Ynwennertal | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Koersk | Курск | 447.387 | 51° 43' N 36° 11' E | |
Zjelesnogorsk | Железногорск | 99.774 | 51° 43' N 36° 11' E | |
Koertsjatov | Курчатов | 37.940 | 51° 40' N 35° 39' E | |
Lgov | Льгов | 17.890 | 51° 40' N 35° 16' E | |
Rylsk | Рыльск | 15.986 | 51° 34' N 34° 41' E | |
Sjtsjigry | Щигры | 14.711 | 51° 52' N 36° 54' E |
Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.846.000 | 1.773.000 | 1.483.000 | 1.474.000 | 1.399.000 | 1.339.000 | 1.235.100 | 1.083.584 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.