in stêd yn Ruslân From Wikipedia, the free encyclopedia
Koersk (Russysk : Курск) is in stêd yn it west fan 'e Russyske Federaasje. It is de haadstêd fan 'e oblast Kursk en de stêd leit op it plak dêr't de rivieren de Tûskar en Sejm gearrinne op likernôch 100 kilometer fan 'e Oekraynske grins.
Koersk Курск | ||
Hûs fan de Sovjets. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Stedsyndieling | 3 distrikten | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 436.678 (2024) | |
Oerflak | 208,2 km² | |
Befolkingsticht. | 2289,27 ynw./km² | |
Hichte | 250 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+3 | |
Simmertiid | UTC+4 | |
Koördinaten | 53° 45' N 36° 9' E | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside | ||
Kaart | ||
West fan 'e stêd leit in meteorytkrater mei in diameter fan 5,5 kilometer.
Koersk waard om 980 hinne as fêsting stifte en waard yn 1032 foar it earst neamd yn 'e kroniken. Argeologyske opgravings jouwe lykwols oan dat it al sûnt op syn minst de 5e iuw f.Kr. in delsetting bestie op it plak fan de hjoeddeiske stêd. De namme Koersk is nei alle gedachten ôflaat fan it rivierke Koer, dy't yn 'e Tûskar útmûnet, mar yn 'e folksetymology is it keppele oan it wurd koeropatka, dat nei de fûgel patriis referearret.
Yn 1237 waard de stêd folslein ferneatige troch de Mongoalen, mar Koersk wie al yn 1283 wer opboud. Fan 1360 oant de ein fan 'e 15e iuw hearde Koersk by it Gruthartochdom Litouwen. Yn 'e 16e en 17e iuw foel Kursk ûnder Moskousk bewâld. In nij fort waard yn 1596 boud. Oan it begjin fan 'e 17e iuw waard de stêd ferskate kearen oanfallen troch Poalsk-Litouwske legers, Krim-Tataren en Nogajs.
Yn 'e jierren 1860 waard Koersk in wichtich spoarknooppunt, wêrmei't de stêd him ta in yndustrieel sintrum ûntjoech.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Koersk fan 4 novimber 1941 oant 8 febrewaris 1943 troch de nazy's beset. De Slach by Koersk, yn wie yn july 1943 ûnderdiel fan ien fan 'e lêste Dútske offinsiven oan it Eastfront. Nei de oarloch waard de stêd wer opboud en ûnstiene nije yndustriële bedriuwen.
Koersk is in wichtige yndustrystêd. De wichtichste ekonomyske sektoaren binne izerbewurking, gemyske yndustry en fiedselproduksje. Yn 'e omkriten fan 'e stêd is de lânbou benammen wichtich. Koersk leit yn it fruchtbere gebiet mei de swarte ierde.
Koersk hat in grut tal monuminten, teäters, tsjerken, kleasters en musea. It neamen wurdich binne fral it Krasnaja- of Reade Plein fan Koersk, de Katedraal fan it Teken, de monuminten dy't de oerwinning fan 'e Slach by Koersk betinke, de Sergius-Kazankathedraal, de Tsjerke fan 'e Himelfeart fan 'e Hear, de katolike Marije-Himelfarttsjerke en de Serafimtsjerke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Koersk fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.