Koekoekfûgels
From Wikipedia, the free encyclopedia
De koekoekfûgels, koekútfûgels, koekoeken of koekuten (Latynske namme: Cuculidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves), de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae) en it skift fan 'e koekoekeftigen (Cuculiformes). Ta dizze famylje heart û.m. de gewoane koekoek (Cuculus canorus), mar ek de rinkoekoeken, malkoha's en anys. De koekoekfûgels falle útinoar yn seis ûnderfamyljes mei yn totaal 149 ferskillende soarten. Fan alle koekoekfûgels bedriuwe inkeld de briedparasitêre koekoeken (Cuculinae) nêstparasitisme, wêrby't se harren jong grutbringe litte troch fûgels fan oare soarten troch harren aai temûk yn it nêst fan dy fûgels te lizzen en it al oanwêzige aai fuort te smiten.
Koekoekfûgels | ||
In Sineeske spoarkoekoek (Centropus sinensis) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
sûnder rang: | trapfoarmigen (Otidimorphae) | |
skift | koekoekeftigen (Cuculiformes) | |
famylje: | koekoekfûgels (Cuculidae) | |
Vigors, 1825 | ||