Kiruna
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kiruna (Finsk: Kiiruna; Samysk: Giron) is in Sweedske gemeente yn it lânskip Lapland en ek de grutste stêd yn dy gemeente. Kiruna leit 145 kilometer benoarden de Poalsirkel en is dêrmei de meast noardlike stêd fan it lân.
Kiruna | ||
Polityk | ||
Lân | Sweden | |
Lânskip | Laplân | |
Län | Norrbottens län | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 18.148 (2010) | |
Oerflak | 15,92 km² | |
Befolkingsticht. | 1140 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1900 | |
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | CEST (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
Webside fan Kiruna |
Kiruna ûntstie as delsetting by izerertsminen. De haadmyn, Kiirunavaara, waard yn 1901 iepene en wurdt noch altyd eksploitearre. Twa oare minen, Luossavaara en Tuolluvaara, binne yn de jierren '20 iepene en yn de jierren '70 sletten. Likernôch yn dy tiid waard ek oergien fan deibou nei skachtbou. De haven fan Luleå oan de Botnyske Golf befriest winterdeis, dat it measte erts wurdt oer Narvik yn Noarwegen útfierd. Yn de Twadde Wrâldkriich wie Sweden offisjeel neutraal, mar levere wol izererts út Kiruna foar de Dútske oarlochsyndustry.
Kiruna sil yn de kommende jierren foar in grut part fiif kilometer nei it easten ferpleatst wurde om it winnen fan izererts ûnder de stêd mooglik te meitsjen. Dat om skea en ûngemakken troch in ynstabile ûndergrûn foar te kommen.
Kiruna is it sintrum fan de gemeente en hat foarsjennings op sosjaal en kultureel gebiet. Toeristen komme dêr om de myn, it stedhûs, de tsjerke, en winterdeis it tichteby lizzende Iishotel yn Jukkasjärvi te sjen.