From Wikipedia, the free encyclopedia
De Notre-Dame fan Bayeux ("Us-Leaffrouwe fan Bayeux") is de katedraal fan it Frânske bisdom Bayeux-Lisieux. Mei de yn de styl fan de Normandyske gotyk útfierde katedraal waard yn de 12e iuw útein set. Yn 'e 15e iuw kaam in ein oan de bou mei it foltôgjen fan de krusingstoer.
Us-Leaffrouwekatedraal
Cathédrale Notre-Dame | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Calvados | |
plak | Bayeux | |
adres | Rue du Bienvenu | |
koördinaten | 49° 16' N 0° 42' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e-15e iuw | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Webside | ||
Bisdom Bayeux-Lisieux | ||
Kaart | ||
De foargonger fan de hjoeddeiske katedraal wie in romaansk gebou, dat nei in brân op inisjatyf fan biskop Hugo fan Ivry (1015-1049) rekonstruearre en op 14 july 1077 yn oanwêzichheid fan hartoch Willem en syn frou Mathilde ynwijd waard. Foar dy gelegenheid joech biskop Odo (1049-1097) yn 1066 de opdracht ta it meitsjen fan it ferneamde Tapyt fan Bayeux, dat as in stripferhaal de oermastering fan Ingelân troch Willem de Basterd útbyldet.
Fanôf it begjin fan de 12e iuw nei in brân by it belis fan de stêd troch Hindrik I fûnen der wer grutskalige wurksumheden oan de katedraal plak, dy't stadichoan alle dielen fan it gebou oanbelangen en oant it ein fan de 15e iuw mei de foltôging fan de krusingstoer duorje soene.
De weropbou fan de katedraal waard fuortendaliks troch biskop Richard II trochset, neffens de kronykskriuwer Willem fan Malmesbury tanksij de kening fan Ingelân. Yn 1160 waard de katedraal op 'e nij troffen troch brân. Mar ûnder it episkopaat fan Filip fan Harcourt 1142–1163 waard it wurk wer oppakt en ûnder Hindrik II fan Pardieu kontinuearre.
Yn de jierren 1120-1130 waard útein set mei de fernijing fan de legere dielen fan it skip, karakteristyk foar de Normandyske romaanske arsjitektuer.
De goatyske bou sette yn 1180 útein mei de sydbeuken fan it skip yn in styl dy't ûntliend wie fan Île-de-France. In iuw letter waarden tusken 1280 en 1350 de bûtenmuorren ôfbrutsen foar de bou fan rige sydkapellen tusken de âlde steunbearen. Dendrogronologysk ûndersyk wiisde út dat de bou fan it goatyske koer plakfûn tusken 1224 en 1228. De hege goatyske ferwulften, ljochtbeuken, in trifoarium, de tige puntige spitsbôgen en folop grutte en lytse pylders en roazetten binne typysk foar de Normandyske gotyk.
Tusken 1245 en 1255 waard der fierder wurke oan it skip fan de Us-Leaffrouwekatedraal. Dêr waard foar it earst yn Normandje de rayonnante gotyk tapast. Lang om let waard ek it dwersskip fernijd. Yn 1226 waard de súdlike earm foltôge en yn 1250 de noardlike, mar de dekoraasje waard pas yn de twadde helte fan de 13 iuw oanbrocht. Yn dat tiidrek waard ek it timpaan fan it súdlike dwersskip mei de skiednis fan Thomas Becket makke.
Ek waard der fierder oan de westlike gevel wurke. De romaanske tuorren krigen spitsen en de gevel mei fiif portalen fersierd. De yn it earste fearn fan de 14e iuw boude krusingstoer waard yn 1425 troffen troch de bliksem. In restauraasje sette útein, mar der kaam pas skot yn it wurk mei in jefte fan biskop Loadewyk II fan Harcourt (1460–1479), dy't de réalisaasje dêrfan finansjeel folslein op him naam.
Under lieding fan de aristokraat François de Bricqueville plonderen hugenoaten de katedraal yn de jierren 1562-1563. De bylden, kapellen en oargels waarden ferneatige, lykas ek de reliken dy't de tsjerke besiet.
Biskop François de Nesmond (1662–1715) liet in nij doksaal yn de katedraal bouwe. Ek ûnder syn episkopaat krige de krusingstoer in klassisistyske bekroaning, neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Jacques Moussard.
De katedraal waard yn 1790 mei it útbrekken fan de revolúsje op 'e nij plondere en dêrnei yn gebrûk nommen as in Timpel fan de Rede. De katedraal kaam wer wat letter leech te stean en rekke doe yn ferfal. Yn 1851 stelde Eugène Viollet-le-Duc út om it doksaal ôf te brekken. Ek woe de arsjitekt de krusingstoer ôfbrekke, dy't drige yn te stoarten, mar lang om let waard de toer sparre tanksij it krewearjen fan yngenieur Eugène Flachat. De krusingstoer waard net ôfbrutsen mar restaurearre en krige doe in neogoatyske ferheging mei de hjoeddeiske koperen bekroaning fan de arsjitekt fan it bisdom, Gabriel Crétin.
Fan de midsiuwske brânskildere ramen is hast neat bewarre bleaun. De Ingelske besetting fan 1417 oant 1450 brocht grutte skea en in iuw letter fernielden Hugenoaten de tsjerke. Yn 1760 waarden 87 fan de doe noch besteande midsiuwske ramen ferwidere foar in restauraasje. Mar de ramen kamen net werom om't it kapittel mear ljocht yn de katedraal ha woe. Yn 1802 waarden der wer ramen ferwidere en in de bibleteek fan it kapittelgebou opslein nei't der skea ûntdutsen waard dy't liede koe ta de ferneatiging fan de ramen. De lêste midsiuwske fragminten waarden yn de 20e iuw restaurearre en yn nije ramen yntegrearre.
De bêst bewarre ramen stelle de twa biskoppen Exupère en Loup foar. It binne de lêste twa biskoppen fan in rige fan njoggen dy't yn de jierren 1260 makke binne. De ramen mei de biskoppen waarden yn de jierren 1983-1984 restaurearre en yn nij glês yntegrearre yn de Kapel fan Sint-Finsintius (noardlik koeromgong).
De katedraal hat twa oargels dy't troch Aristide Cavaillé-Coll boud binne. It grutste oargel op de westlike oargelkreake datearret fan 1862, it oargel yn it koer fan 1861. Under ien fan de romaanske bôgen stiet in monumintale preekstoel mei klankboerd. De preekstoel waard yn 1786 ûntwurpen troch Jean-Louis Mangin.
De katedraal hat 17 klokken. Twa klokken binne yn juny 2014 oan it besteande bestân tafoege.
Yn de midsiuwen waard de romaanske krypte tichtmitsele en fergetten en yn de 15e iuw foar it earst wer ûntdutsen. Sadwaande bleau de oarspronklike krypte út de 11e iuw goed bewarre. Twa rigen korintyske pylders drage in romaansk krúsferwulft. Boppe de kapitelen binne 15e-iuwske fresko's fan ingels mei ferskillende ynstruminten oanbrocht. Oan de noardlike muorre is ûnder in kleurich fresko de tombe mei it ûnthalze byld fan Gervais de Larchamp, koarhear fan Goupillères yn 1405.
Under de opmerklike goatyske arsjitektuer fan de katedraal falt ek de fjouwer traveeën tellende kapittelseal, dy't oan de noardlike kant fan de westlike gevel oanslút en twa ferdjippings heech is. It gebou datearret fan 1429-1436. Oer de flier leit in labyrint fan glazuere tegels. Dêr is ek de skatkeamer, dêr't û.o. in 11e iuwsk ivoaren kistje, de 12e-iuwske kazufel fan biskop Regnobert, in 13e-iuwsk relikwarium en de biskoplike sit út de 14e iuw bewarre wurdt. Yn de kapittelseal is ek in muorreskildering bewarre bleaun út de 15e iuw, dy't de kroaning fan Marije mei om har hinne knibbeljende koarhearen foarsteld. It wie eartiids it skriptoarium, wylst op de twadde ferdjipping de kapittelbibleteek wie ûnderbrocht. De bibleteek bestiet út hast 5.700 wurken fan 1476 oant 1953. It is ien fan de seldsume gebouwen fan syn soarte dy't yn Frankryk oerbleaun binne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.