De Ljochtbeuk (Latynsk: claristorium of clerestorium), is it heechste diel fan de muorre fan it middenskip fan in basilyk.
De ljochtbeuk is dat muorrediel fan in tsjerkegebou, dat boppe de dakken fan de sydskippen opriist en troch finsters trochbrutsen wurdt. De ljochtbeuk makket de ferlochting fan it middenskip troch deiljocht mooglik.
Yn tsjinstellling ta de basilyk hat in halletsjerke gjin ljochtbeuk. By de halletsjerke moat it deiljocht troch de finsters fan de sydskippen komme. De tsjerke wurdt in pseudobasilyk neamd as de ljochtbeuk gjin finsters hat en/of de sydskippen hast oant it dak fan it middenskip rikke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ljochtbeuken fan Wikimedia Commons. |
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.