De Kûl Sjarif-moskee (Russysk: Мечеть Кул-Шариф, Metset Kûl-Sjarif, Tataarsk: Колшәриф мәчете, Qolşärif mäçete) is in moskee yn Kazan, Ruslân. It is ien fan 'e grutste moskeeën fan 'e Russyske Federaasje. De moskee waard ferneamd nei Kûl Sjarif, de lêste imaam fan Kazan fan foar de Russyske oermastering fan 'e stêd. Mei de oanbuorjende Ferkundigingskatedraal stiet de moskee symboal foar it fredige tegearre libjen fan 'e islamityske en otterdokse befolking fan Tatarstan.

Fluch de feiten
Kûl Sjarif-moskee
Мечеть Кул-Шариф
Кол Шәриф мәчете
Thumb
lokaasje
lân Ruslân
autonome republyk Tatarstan
plak Kazan
koördinaten55° 47' N 49° 06' E
arsjitektuer
boujier1996-2005
Webside
kazan-kremlin.ru
Kaart
Thumb
Kûl Sjarif-moskee
Slute

De moskee waard yn opdracht fan presidint Mintimer Sjajmiejev yn it kremlyn fan Kazan boud en moat in monumint wêze ta neitins fan 'e fallen Tataren by de oermastering fan Kazan troch Ruslân yn 1552. It wurk oan 'e nije moskee sette yn 1996 útein en op 24 july 2005 waard de moskee yn gebrûk nommen.

Tichteby de tsjintwurdige lokaasje fan 'e moskee stie yn 'e 16e iuw de haadmoskee fan it Kazaner kanaat. Fan 'e acht minaretten dy't dy moskee hie, waarden by de rekonstruksje fjouwer yn moderne foarm oernommen. De histoaryske haadmoskee waard yn 1552 by de oermastering ferneatige. In pear boudielen binne nei alle gedachten yn 'e yn 1555 útein sette bou fan de Basiliuskatedraal fan Moskou werbrûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.