Junior Rely
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Junior Rely is in Fryske literatuerpriis foar jongerein fan 12 oant 18 jier, dy't takend wurdt foar it bêste ynstjoerde Frysktalige stik proaza of poësy. De priis is in inisjatyf fan de Afûk en it ynternettydskrift Doar. De priis is ynsteld ta gelegenheid it 50-jierrige bestaan fan de Rely Jorritsmapriis yn 2004. Yn syn testamint bepaalde Rely Jorritsma dat der alle jierren in wedstriid foar Fryske proaza en poëzy organisearre wurde moat om it skriuwen yn it Frysk te stimulearjen. It prizejild komt út de opbringsten fan it Rely Jorritsmafûns. Oan de Junior Rely is in bedrach fan 500 euro ferbûn.
De winner fan de Junior Rely wurdt oanwiisd troch in faksjuery.